FNP: fragen oer ferbetterjen Taalkado 

septimber 14, 2018 09:29

 

De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oan deputearre Poepjes oer it Taalkado foar jonge Fryske âlders en harren bern. Hoe sil it Taalkado fierder ferbettere wurde? Oanleiding binne de oanbefellingen fan twa ûndersiken nei it Taalkado en de taal yn Fryslân dy’t okkerdeis ferskynden.  

It Taalkado kin noch wol wat ferbettere wurde, sa komt út de oanbefellingen fan de ûndersiken nei foaren. Wurdfierder Frysk Corlienke de Jong fan de FNP freget bygelyks nei de taalkado’s yn de gemeente Ljouwert. ‘Dy binne geregeldwei op, wylst der wol fraach nei is. Wat dogge jim dêr oan?’ Der soene ek nije items yn it pakketsje moatte. Bygelyks in online-ôfspyllist fan berneferskes yn stee fan de ferâldere CD dy’t der no noch is.

De Jong: ‘Ien fan de oanrikkemandaasjes is om eigen guod fan gemeenten mei te jaan. Sa kin it Taalkado oantrekliker makke wurde en mear op maat. Bygelyks mei materiaal yn Fryske streektalen nei kar. Kinst dy ek fergees oanmelde by de biblioteek – fia ‘Boekstart’ – om it lêzen by de bern te stimulearjen. Mar dan moatte jo dat al witte fansels. Wy wolle witte wat it Kolleezje dêr oan docht.’

It Taalkado bestiet al sûnt 2006 en wie in inisjatyf fan de FNP en oare partijen yn provinsjale Steaten. Ut de effektmjittingen fan it Taalkado docht bliken dat likernôch 86% fan de âlders tinkt dat twatalich grutbringen posityf foar de ûntwikkeling fan it bern. It Taalkado is dêrby in positive stimulâns.

septimber 14, 2018 09:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Janneke Straatsma septimber 20, 14:46

    Als het goed is, zit er in alle Taalkado’s een foldertje in de vorm van een Boekstartkoffertje. Met deze folder kunnen ouders gratis dit koffertje, met daarin o.a. twee babyboekjes en informatie over de bibliotheek, ophalen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.