Fiifhûndert jier nei de reformaasje wer in mis yn Westhim

septimber 11, 2018 16:15

Tafel mei brea en wyn. Op de foargrûn de grêven fan de famylje Ykema.  – foto: Sicco Rypma

Snein 9 septimber, fiifhûndert jier nei de reformaasje, wie der wer in eucharistyfiering yn de Westhimmer Bartolomeüstsjerke.

Pastoar Peter van der Weide iepene de fiering mei: “Welkom in de Moederkerk”, ferwizend nei de saneamde ‘ecclesia integra’, de folweardige parochytsjerke yn de midsiuwen.

It wie ‘Sikesnein’. De tsjinst hie as tema ‘Vrees niet en ga open’. In oprop om troch dieden fan leafde, genêzing te ûntfangen. Mei santich besikers wie it tsjerkje flink fol. Kloklieders Eile de Jong en Sybren Jacobi hiene dêr ek ta oproppen.

septimber 11, 2018 16:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.