Fiif deaden yn North Carolina troch Florence

septimber 15, 2018 08:15

Orkaan Florence oan de Amerikaanske eastkust is ôfswakke ta tropyske stoarm, mar kin noch altyd in protte skea feroarsaakje. Underwilens binne der yn de steat North Carolina op syn minst fiif deaden fallen.

Foto: pixabay.com

In mem en har bern yn de stêd Wilmington kamen om doe’t in beam op harren hûs foel. Fierder waard in man omblaasd doe’t er nei bûten ta gie om by syn hûnen te sjen en waard in man elektrokutearre doe’t er yn ’e rein mei syn generator dwaande wie. In frou ferstoar thús oan in hertoanfal. De ambulânsetsjinsten koene net op ’e tiid by har komme trochdat beammen de dyk blokkearren.

Tongersdeitemoarn berikte Florence as orkaan de eastkust fan de Feriene Steaten. Neffens gûverneur Roy Cooper fan North Carolina lûkt Florence “krêftich, stadich en ûnmeilydsum” oer syn steat. Cooper sei op in parsekonferinsje bang te wêzen dat hiele wiken weifage wurde. Hy ferwachtet dat syn steat noch dagen lêst hawwe sil fan de stoarm. Florence lûkt mei sa’n fiif kilometer yn ’e oere tige stadich nei it westen.

Net sasear de wyn, mar de fûle rein en stoarmfloed dy’t lykop gean mei Florence, feroarsaakje de grutste problemen. Meteorologen foarsizze dat yn twa of trije dagen in hoemannichte delkomt dy’t normaal sprutsen yn acht moanne falt. Jim Trogdon, de minister fan transport fan North Carolina, seit dat it gebiet tusen de stêden Wilmington en Charlotte mooglik te meitsjen kriget mei oerstreamings dy’t ien kear yn de tûzen jier foarkomme. Der is ek eangst foar lânferskowings en modderstreamen.

Sûnt tongersdeitemoarn binne hûnderten minsken evakuearre yn de troffen gebieten. Bygelyks yn de stêd Jacksonville, dêr’t it dak fan in hotel ynstoarte. Yn de stêd New Bern wachtsje 150 minsken op rêdingswurkers. Hûnderttûzenen húshâldens sitte sûnder stroom. Der binne 20.000 minsken flechte nei 157 needûnderkommens yn North Carolina. Fanwege Florence binne yn it súdeasten fan de Feriene Steaten hûnderten flechten annulearre.

septimber 15, 2018 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.