Ferskate kulturele aktiviteiten op UITfestival yn Ljouwert

septimber 2, 2018 09:41

Ofbylding: UITfestival Ljouwert

Snein 2 septimber wurdt fan 12.00 oant 18.00 oere yn Ljouwert it UITfestival holden. It UITfestival is dé offisjele ôftraap fan it nije, kulturele seizoen yn Fryslân. In programma fol teater, literatuer, keunst, berne-aktiviteiten en muzyk. Mar ek mei lekker iten en drinken, in kursus- en kultuermerk en bysûndere projekten. Yn de Prinsetún stean kreamkes fan ferskate Ljouwerter organisaasjes en kin men oan tal fan aktiviteiten meidwaan.

Tryater stiet hjoed fan 12:00 oant 18:00 ek op it UITfestival. Tryater is te finen tusken de stedswacht en it Histoarysk Sintrum Ljouwert op de Grienewei. Yn in grutte sirkustinte is in iepenbiere repetysje fan de nijste foarstelling Doarp Europa.

Yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) en de oan it HCL ferbûne Aldehou, Pier Pander Museum en Pier Pander Timpel wurde ek aktiviteiten organisearre. In tal aktiviteiten leit in link mei Lân Fan Taal en DNA Ljouwert. Yn it tydlike paviljoen Liwwadders (yn de Noarderstedsgrêft by de Prinsetún) stiet de Ljouwerter skiednis en identiteit sintraal.

septimber 2, 2018 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.