Ferlet fan help by it spotten fan wyld

septimber 19, 2018 19:13

Beamotter – ôfbylding: Provinsje Fryslân

Provinsje Fryslân ropt natuerleafhawwers op dy’t helpe wolle by it ûndersykjen hokker bisten de faunapassaazjes brûke. By fyftjin faunapassaazjes binne kamera’s delset. Wannear’t in bist de passaazje brûkt, wurdt dat op byld fêstlein. Der is ferlet fan help om fêst te stellen hokker bisten der filme binne. 

Natuerleafhawwers kinne fan hjoed ôf maklik wyldspotte en se hoege der de doar net iens foar út. Op wildspotter.nl kinne bylden besjoen wurde fan de fyftjin faunapassaazjes. Dat binne dûkers en tunnels dy’t spesjaal foar bisten oanlein binne. As men op de bylden in bist sjocht, jout men oan hokker bist it is. In hart, ree, das, hazze of mûs; nei ferwachting meitsje al dy bisten gebrûk fan de faunapassaazjes.

Deputearre Johannes Kramer: “Wy helje in soad ynformaasje út de resultaten fan it wyldspotten. Bygelyks hokker bisten gebrûk meitsje fan de faunapassaazjes, en hoe faak. Sa komme wy te witten oft de faunapassaazjes wurkje of dat se oanpast wurde moatte.” Takomme maitiid wurde by noch fyftjin faunapassaazjes kamera’s delset.

Faunapassaazjes
Faunapassaazjes foarmje rûten ûnder diken troch of oer diken hinne om foar te kommen dat bisten de dyk sels oerstekke. Se binne oanlein om oanridingen fan wyld foar te kommen en om natuergebieten mei-inoar te ferbinen. Dêrneist fasilitearret it de genetyske útwikseling tusken bistepopulaasjes. It is dêrom wichtich dat de faunapassaazjes goed brûkt wurde. Der binne yn Fryslân ûnderskate typen faunapassaazjes, ôfhinklik fan de bisten dy’t yn it gebiet oanwêzich binne.

Wildspotter.nl
Online wyldspotte koe al foar Noard-Hollân en Oerisel. Fan hjoed ôf kin it wyld dat fan de Fryske faunapassaazjes gebrûk makket ek online spotten wurde. Troch te spotten op wildspotter.nl, draacht de mienskip by oan wichtich natuerûndersyk yn Fryslân.

septimber 19, 2018 19:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.