Fergeze foarstellings mei Admiraliteitsdagen

septimber 1, 2018 10:22

Lân fan Taal reizget fan ’t simmer mei de Taalkaravaan by festivals en eveminten lâns. It lêste evenemint dêr’t op ynheakke wurdt binne de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Dêr binne ûnder oare fjouwer foarstellings te sjen yn de Sint-Bonifatiustsjerke.

‘Solo’ mei Niels Knelis Meijer (foto: Lân fan Taal)

Op sneon 8 en snein 9 septimber strykt de Taalkaravaan del yn Dokkum. Underwilens fertroude yngrediïnten binne hingmatte-masine De Relaxerette, teatrale fideo-ynstallaasje ‘Us buorman yn Tallinn’ en de âlde typemasines fan it Redaksjelokaal. Dy aktiviteiten binne allegear fergees tagonklik, krekt as fjouwer foarstellings. Dêrby jildt hieltyd: kom op tiid, en fol is fol.

Solo
It Noard-Nederlânsk Orkest is ien fan de bekendste symfoanyorkesten fan Nederlân. De musisy binne ôfkomstich fan oeral op ’e wrâld, wêrtroch’t it orkest hast fyftjin nasjonaliteiten en likefolle talen ken. Dêr’t it normaal sprutsen giet om it kreëarjen fan in symfony tusken de musisy, fokusset Solo just op it yndividu. Want wa binne eins dy minsken dy’t yn in orkest spylje? Musisy út Japan, België, Dútslân, Portugal, Frankryk en Ingelân litte harren ynstrumint diskear stean en fertelle harren persoanlike ferhaal yn elk in koarte solo. Skreaun troch trije talintfolle skriuwers en regisearre troch de teatermakkers Skoft&Skiep. Idee: Explore the North.

Sneon 8 septimber, Sint-Bonifatiustsjerke, 14.00-14.45 oere.

Wâldman
Wâldman is de titel fan in foarstelling fan keunstner Tjibbe Hooghiemstra en de skriuwers Nyk de Vries, Tsead Bruinja en Douwe Kootstra. Allegear ôfkomstich út de Fryske Wâlden. De ôfrûne fjouwer jier wurke Hooghiemstra oan in searje tekeningen, foto’s en skilderijen dy’t it gebiet en syn bewenners ta ûnderwerp hawwe. Dat sette Nyk de Vries, Tsead Bruinja en Douwe Kootstra oan ta it skriuwen fan koart proaza, poëzij en in fabel dy’t deselde bysûndere ‘mienskip’ yn de Fryske Wâlden ta ûnderwerp hawwe. It wurk fan Tjibbe wurdt projektearre wylst de skriuwers harren eigen teksten foardrage.

Sneon 8 septimber, Sint-Bonifatiustsjerke, 17.00-17.40 oere.

Tongen
De literêre foardracht Tongen begjint yn Malawi. As skriuwer/ferteller Nyk de Vries dêr in tsjerkje besitet, heart er himsels ynienen yn tongen sprekken. Yn in frjemde miks fan Frysk en oare talen jeuzelet er foar him út, yn it fiere lân mei syn sânpaden en houten elektrisiteitspeallen. It docht jin nuver genôch tinken oan De Westereen, it doarp fan syn mem. Tongen giet oer de ferriederlike krêft fan ûnwennigens. Fier fan hûs wurde taal en gewoanten, dy’t jin eartiids ûnbelangryk foarkamen, jin ynienen dierber. Nyk sjongt en draacht foar. Underwilens sampelet er film en muzyk, en wit er as gjin oar spanning op te bouwen út skynber net wichtige fergetten barrens.

Snein 9 septimber, Sint-Bonifatiustsjerke, 14.00-14.45 oere.

Famke fan snie
Dichter en muzikant Paul van Dijk nimt ús mei nei in plak tusken reinbôgen en slommerdreamen. Op ’e syk nei in ‘famke fan snie’. Rjochting sykjend yn dream en taal, yn stêd en bosk, op ’e syk nei it ferline, om te oerlibjen. De foarstelling is in kombinaasje fan gedichten en muzyk. Muzikanten Jan Hoekstra (gitaar), Thys Wadman (sello), Pieter Feenstra (drums), Jurjen Faber (gitaar) en Rudy Lobisch (saksofoans) geane de muzikale dialooch oan mei Paul, mei harsels en it publyk, op neo-klassike muzyk.

Snein 9 septimber, Sint-Bonifatiustsjerke, 17.00-17.40 oere.

Sjoch ek op lanfantaal.nl/taalkaravaan.

septimber 1, 2018 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.