Feie Fonyk: Co Westeriks skoalmaster

septimber 13, 2018 14:00

Yn maaie 2014 wie der yn Museum Boymans yn Rotterdam in tentoanstelling mei 19 skilderijen fan Co Westerik. Ik fûn it in moaie tentoanstelling. Moandei 10 septimber ferstoar de skilder, 94 jier âld. Ik hâld fan syn wurk. It is te begripen. Westerik hat altyd werkenbere dingen skildere mei in surrealistyske ûndertoan. Wurk dat de werklikheid werjout hat in skoft út de moade west. Wat my in syn wurk oanlûkt is it fakmanskip dêr’t it mei makke is. Wat ferve op in doek grieme en der in djipsinnich ferhaal by hâlde, dat kin elkenien wol.

Op de tentoanstelling fan 2014 hong syn skilderij ‘Snijden aan het gras’. It is in realistysk skilderij fan in dikke finger dy’t iepensnien wurdt oan in gerssprútsje. In reproduksje derfan hat yn it ramt fan Openbaar Kunstbezit in tiid yn de treinen fan NS hongen. Mar der kamen klachten. Yn in aardich fraachpetear mei Max Pam yn 1982 fertelt Westerik

“En dan het boosaardige van mijn Snijden aan gras, waarvan de reproductie de trein uit moest. Dat was gek, dat zoveel Nederlanders ineens naar de pen grepen om tegen een schilderij te protesteren. Het was namelijk de usance dat als meer dan honderd mensen hun ongenoegen uitten, zo’n beeltenis uit de trein werd verwijderd. Dat vind ik na al die jaren nog altijd heel bijzonder, heel verwonderlijk. Er zijn nu eenmaal mensen die niet kunnen tegen die lucht van mij, terwijl mijn werk toch heel lieflijk is, en mooi, vind je ook niet?

Ien fan syn oare bekende skilderijen is ‘De schoolmeester’ út 1961. Yn itselde petear mei Pam fertelde er dat er krekt sa’n skoalmaster hie mei sa’n pet. Dy man spile ek fioele. As myn âlden op skoalle kamen, dan sei er altyd dat ik sa’n aardige learling wie, de húcheler.

Neffens my is Westerik syn ‘skoalmaster’ in skilderij dat op alle skoallen hingje moat. It is net sa’n fleurich skilderij. In jonkje wurdt yn de greep holden troch de beide hannen fan de master. Hân op de holle en hân oan de kiel. Om it op skoalle del te hingjen, soe der útlis by moatte. Yn alle gefal foar al dy jonge froulju en manlju (binne dy der noch?) dy’t foar de klasse wolle yn it basisûnderwiis.

Dit skilderij kin de wei wize

As jo as master of as juffer de goede gong fan saken bewarje wolle, dan kin dat skilderij de wei wize. Jo moatte dingen leare oan oaren dy’t se noch net wite of kinne. Mar it giet ek om oarder en struktuer yn de groep. Dat betsjut dat jo freonlik wêze moatte, de aai oer de holle. Net letterlik fansels. Fan de oare kant moatte de bern wol witte wa’t de baas is, just ja, juffer of master. Dus as it nedich is, de hân oan de strôte. Ek figuerlik fansels.

Wy hawwe de lêste tweintich jier noch nea safolle bern mei kwalen sjoen. Somtiden liket it derop dat der gjin gewoane bern mear op skoalle sitte. Se hawwe ADHD, PPD NOS, ADD, autisme, asperger, CD, ODD. Se binne dyslektysk of “hoogbegaafd” en sa binne der noch tweintich oare kwalen dêr’t dy stakkers fan juffen foar de klasse rekken mei hâlde moatte. Mar der soe al in soad wûn wêze mei in weromkear nei it gewoane libben, dêr’t master of juffer yn it foarste plak yn les jaan kin sûnder har of him te bekroadzjen om al dy kwalen fan al dy bern fan al dy âlden dy’t har soargen meitsje en tinke dat de skoalle oeral in oplossing foar hat. Fansels binne der bern mei problemen, mar wol men de echte probleembern helpe, dan kin dat allinne as der minder binne as no.

En in goede struktuer yn de klasse wêrby’t de bern witte dat juffer op in freonlike, mar dúdlike wize lieding jout, kin helpe. Dus ophingje dat skilderij en útlizze oan elkenien dy’t it net begrypt. Ik soe it ek útlizze oan nije âlden dy’t oan it omsjen binne hokker skoalle te kiezen foar harren bern. Dan witte se wêr’t se oan ta binne.

In ôfbylding fan De Schoolmeester is te finen op ynternet.

 

 

septimber 13, 2018 14:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.