Feie Fonyk: ADHD

septimber 20, 2018 14:00

Drokke jonges binne fan alle tiden, mar der is hieltyd minder begryp foar. It hunebêdsintrum yn Borger hat in boerd by it bêd sette litten dat klimmen ferbean is. It is neffens it sintrum net “respectvol”. Der soe ris in hunebêdbouwer opstean kinne út it grêf en roppe: “Wat moat dat hjir, hawwe jimme gjin fatsoen mear yn ’e bealch?“ Neffens it sintrum is it ek gefaarlik. Der soe ien ôffalle kinne. Wat dat teekrânske fan Borger him net realisearret, is dat dit hunebêd trijetûzen jier lyn boud waard troch jonge manlju mei ADHD. “Kom op jonges, noch efkes trochsette, want Grytsen leit op stjerren en it bêd moat klear foardat er de lêste siken útblaast.” It wie in perfekte oanpak fan drokke manlju. Se leine oan ’e ein fan dei foar dea ûnder de beammen en hiene gjin sprút nocht mear om rottichheid út te heljen of oaren it libben soer te meitsjen mei harren drokke gedoch.

Yn beammen klimmen is ek gefaarlik en as in wylde oer de dyk fleane mei al dat autoferkear net minder. Motorklups lykas No Surrender, Hells Angels, Bandidos en Satudarah binne al ferbean of wurde dat. By fuotbalwedstriden is de plysje en ME op syn iepenst. Mei oare wurden: wêr kin in sûne jonge of man him noch útlibje yn dizze tiid?

Sûnt in jier of tsien wurdt wat langer wat mear in drug yn de striid tsjin drokke enerzjike jonges en manlju brûkt. Just ja, Ritalin. It is in soartemint fan gemyske kastraasje fan de geast om it drokke folkje rêstich te hâlden. Oer dy oanpak hearde ik koartlyn Laura Batstra. Se is psycholooch yn Grins en hat niis krekt in nij boek skreaun oer ADHD.

By stêdsfernijing en nijbou moatte

 beammen en hunebêden net fergetten wurde 

Dan wurdt it no tiid om der gjin grappen mear oer te meitsjen en wat ferstannichs te sizzen oer it probleem fan ADHD. Batstra hat goed yn ’e gaten dat skoallen en âlden wrakselje mei dy drokke bern, dy’t muoite hawwe om har te konsintrearjen. Dat jout problemen by it learen en it betsjut dat sokke bern net altyd goed terjochte komme. Dochs it neffens har gjin harsensykte wat guon ús wiismeitsje wolle. De farmaseutyske yndustry hat der alle belang by om te dwaan as wie it in sykte dy’t men yn goede banen liede kin troch pillen te jaan. Dat gebrûk fan pillen liket Batstra op de lange doer net sûnder gefolgen en sûnder gefaar.

Se freget har ôf hoe’t it komt dat der yn ús tiid sa’n bytsje begryp is foar drokke bern, want it is foar in part normaal hâlden en dragen. It kin net wier wêze dat bern de lêste tweintich jier sa oars wurden binne. Soene skoallen en âlden net fierstente hege ferwachtingen hawwe? De presje om wat te berikken, om de bêste te wêzen, om net út ’e boat te fallen is grut. It is makliker om te sizzen dat jo bern in sykte hat, as dat er (want it binne meastal jonkjes) net sa goed leare kin. It is foar juf makliker om te sizzen dat it jonkje ADHD hat as dat se seit it ek net te witten wat de bêste oanpak is. En net te ferjitten hat de farmaseutyske yndustry der alle belang by. It liket dat elkenien better wurdt fan de medikalisearring fan probleemgedrach.

Nei it oanhearen fan it ferhaal fan Batstra, tink ik dat it yn guon útsûnderlike gefallen dochs ferstannich wêze kin om oer in koarte perioade pillen lykas Ritalin te brûken. Der soe al in soad wûn wêze as skoallen temjitte kamen oan it ferlet oan beweging dat alle bern hawwe. Dus net oeren efterinoar stilsitte, mar ris faker in pear minuten nei bûten en oer it plein drave. Akseptearje dat bern faninoar ferskille en meitsje net oeral in probleem fan. Yn de stêden is no mear plak foar auto’s as foar bern. By stêdsfernijing en nijbou moat der dêrom romte komme foar beammen en hunebêden. Dan kinne bern har útlibje.

septimber 20, 2018 14:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.