Falske start CDA: ferkearde plaknammen

septimber 14, 2018 12:29

It CDA hat hjoed de kandidatelist foar de Steateferkiezings foar takom jier presintearre. Op de list steane mei-inoar 50 minsken (hjirneist de earste 40). By it opstellen fan de list binne grutte flaters ynslûpt as it giet om de plaknammen. In soad offisjeel Frysktalige plaknammen binne yn it Hollânsk werjûn. En de Fryske plaknamme ‘Oentsjerk’ is as ‘Oenstjerk’ werjûn.

It giet om de plaknammen Damwâld, Garyp, Noardburgum, Dronryp (2x) en Tytsjerk dêr’t de âlde nammen Damwoude, Garijp, Noordbergum, Dronrijp en Tietjerk foar skreaun binne. Ien fan de biedwurden fan it CDA is #goedvoorelkaar, mar de presintaasje fan hjoed wie wat de plaknammen oangiet dus perfoarst net goed foar elkoar.

septimber 14, 2018 12:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.