Eveneminten LF2018 dizze wike

septimber 13, 2018 10:00


Into Nature: Out of Darkness – Frederiksoard en Holtingerfjild o/m 16 septimber
Byldzjende keunstmanifestaasje fan (ynter)nasjonale keunstners op ’e grins fan Fryslân en Drinte. De unike kombinaasje fan de karakteristike lokaasjes toant de spanning tusken natuer en kultuer, tsjuster en ljocht, behearsking en frijheid.

Pop-up Biergarten – Stedsoaze Ljouwert op 14, 15 en 16 septimber fan 14.00 oere ôf
Yn de prachtige binnentún fan it eardere Aegon-gebou is der yn it slotwykein fan Biergarten wer fan alles te belibjen. By stimmingmakkerij op freed fertolkje lokale muzikanten har favorite artysten. Op sneontejûn wurdt muzyk draaid troch it dj-duo Magnificence. En op snein slút de Biergarten ôf mei IepenDub.

Libbensgrutte projeksjes op de Aldehou – Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert, tongersdei o/m snein 21.30 oere
Genietsje (mei in protte oaren) fan taal yn oerweldigjende ûnferwachte foarmen en klanken. De projeksjes op de grutte, skeve ikoan binne foar elkenien fergees tagonklik. Oant en mei 30 septimber is One of Us te sjen: it resultaat fan in gearwurking tusken sjongeres/dichteres Nynke Laverman, filmmakker Douwe Dijkstra en komponist/slachwurker Sytze Pruiksma.

Muzykteater: Welstaat – Frederiksoard, 19 o/m 30 septimber
Welstaat leit in ferbining tusken de utopyske tinzen fan eartiids en de hjoeddeiske tiid dêr’t earmoed noch hieltyd yn foarkomt. In ferfrjemdzjende magysk-realistyske ûnderfining.

Sjoch op www.2018.nl foar mear ynformaasje oer de eveneminten.

septimber 13, 2018 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.