Europeesk erfgoed kongres Arcadian Landscapes

septimber 17, 2018 07:56

Oanmelding begûn
Tongersdei 1 en freed 2 novimber 2018 wurdt yn Oentsjerk en Oranjewâld it earste Europeeske erfgoedkongres Arcadian Landscapes holden. By dat kongres wurdt de ferbining lein tusken it erfgoed fan bûtenhuzen en it Europeeske kultuerlânskip. Ynspirearjende sprekkers út Ingelân, Dútslân, België en Nederlân diele by Arcadian Landscapes harren kennis en ideeën oer gearwurkjen oangeande de op it gebiet rjochte oanpak fan bûtens. Arcadian Landscapes is nijsgjirrich foar elkenien – organisaasjes, eigners, behearders en studinten – dy’t belutsen is by de erfgoedsektor en de ûntwikkeling fan kultuertoerisme. It kongres it it skynwerpersprojekt foar de bûtens yn 2018 foar it Europeesk jier fan Kultureel Erfgoed.

Programma
Sprekkers Tom Williamson, heechlearaar oan de Universiteit fan East Anglia, Heike Düselder, direkteur museum Lünenburg en bysûnder heechlearaar oan de Universiteit Osnabrück, Hans Renes, heechlearaar Frije Universiteit Amsterdam en Hanneke Ronnes, bysûnder heechlearaar Bûtens oan de Ryksuniversiteit Grins, jouwe har fyzje op it gebietsrjochte oanpakken fan bûtens. Ynternasjonale profesjonals, studinten en oaren dy’t ynteressearre binne, wikselje yn ferskate ynteraktive sesjes, kennis en ûnderfining út oer ûnder oare de maatskiplike betsjutting fan kultureel erfgoed yn relaasje ta it omlizzend lânskip. Ekskurzjes nei it histoaryske bûten Oranjewâld, lânskipspark fan Oranjestein en Museum Belvédère binne ûnderdiel fan it programma.

Kaarten bestelle
Kaarten binne te bestellen fia www.arcadianlandscapes.com. De priis is € 250,-, mei dêrby ynbegrepen op beide dagen lunsj, in mienskiplik miel op tongersdeitejûn en de ekskurzjes op freedtemiddei. Foar studinten jildt in spesjaal taryf fan € 150,-.

Lokaasje
It plenêre programma wurdt holden yn it karakteristike bûten Stania State yn Oentsjerk.

septimber 17, 2018 07:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.