Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (35)

septimber 29, 2018 08:00 Fernijd

De âldere frou en it famke fan Jaïr

In frou mei gjinien oanreitsje of oanrekke wurde salang’t se har menstruaasje hat. Dat makket it oanreitsjen dêrnei wer bysûnder. Siken meie ek gjinien oanreitsje salang’t se siik binne. At se lang siik binne, lije se dêrûnder.

As wy mei it skip de mar wer oer binne, stiet der in grutte kliber folk op ’e wâl. In âlderling út ’e rie fan ’e synagoge, Jaïr, komt nei my ta en smeket:
“Myn famke is op stjerren nei dea. Wolle Jo meikomme en har de hannen oplizze? Dan sil se wol gau better wurde.”
Ik rin mei him mei. De folkskliber kringt tsjin ús oan. It famke is tolve jier, har namme wurdt net neamd. Se skynt in foarbyldich bern te wêzen. Har machtige heit wiist my it paad en twingt de lju rimpen oan ’e kant.

Der is ek in âldere frou dy’t al tolve jier te lijen hat fan bloedfloeiïngen. Se hat in protte trochstien, fanwegen de sykte en de dokters, en se is bot efterút gien. Se mei al jierren net oanrekke wurde en har leafsten hawwe har yn ’e steek litten. Tsjin ’e wet yn jout se har by de folkskliber en rekket temûk efter my myn kleed oan, want se tinkt: as ik mar syn klean oanreitsje kin, sil ik better wurde.
At se dat docht, droeget de boarne fan har fertriet en har bloedfloeiïng op. Ik fernim dat ik ien holpen haw troch de krêft fan it oanreitsjen en freegje:
“Wa hat myn klean oanrekke?”
De learlingen jouwe antwurd:
“Jo sjogge dochs dat de minsken tsjin Jo opkringe en Jo freegje wa’t Jo oanrekket?”
Ik sjoch om my hinne om te sjen wa’t ik better makke haw. De frou is benaud en se trillet deroer. Se smyt harsels op ’e grûn en fertelt har hiele ferhaal. Ik sis:
“Dochter, dyn fertrouwen hat dy rêden. Gean hinne yn frede. Dyn sykte is oer, do bist better.”

Underwylst komt ien fan ’e learlingen út it hûs fan Jaïr en seit tsjin him:
“Jo famke is al ferstoarn. Wêrom falle Jo de master noch lestich?”
Ik sis tsjin Jaïr:
“Wês net benaud, hâld it fertrouwen.”
Ik gean mei Petrus, Johannes en Jakobus yn ’e hûs. Neffens wenst wurdt der skriemd en roud en de fluitspylders binne al hastich begûn begraffenismuzyk te spyljen. Ik rop:
“Wêrom geane jim oan, wêrom skrieme jim? Se is noch net dea, hear, se sliept.”
De muzikanten en de leedoansizzers laitsje derom. Ik driuw se mei myn helpers allegear ta de keamer út. Wy sykje it famke op. Se hat altyd de perfekte dochter west. Mar no hat se al yn gjin dagen iten. At se net yt, wurdt se ek gjin frou. Ik krij har by de hân en sis “Talita koem”, dat betsjut: famke, gean stean. Har boarne fan freugde en har bloedsomrin komme wer op gong. Se komt fan it bêd ôf en kin wer rinne. Ik sis tsjin har âlden dat se har te iten jaan moatte.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
septimber 29, 2018 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.