Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (32)

septimber 8, 2018 08:00

‘Kristus Pantokrator’ yn de Hagia Sophia yn Istanbûl (foto Wikimedia Commons)

Thús in waarm nêst?

In leard man yn ’e pronk mei de tekens fan syn weardichheid seit tsjin my:
“Ik sil Jo folgje wêr’t Jo ek hinne geane, al is it ek nei de úteinen fan ’e ierde ta.”
Ik sjoch him ris op en del oan en sis:
“De foksen hawwe hoalen en de fûgels fan ’e himel hawwe nêsten, mar de Minskesoan hat gjin plak om de holle del te lizzen. Gjin nêst of hoale foar wa’t him folget.”

Ien fan myn learlingen freget my:
“Hear, ik moat Jo in skoftke allinnich litte om foar myn deade heit in begraffenis mei pracht en praal te beoarderjen.”
Ik sis tsjin him:
“Gjin nêsten, gjin hoalen! Lit de deaden de deaden begrave en bekroadzje dy leaver om de libbenen.”

In skoftke letter lit in oare learling my witte:
“Jo mem en jo bruorren hawwe Jo frege om thús te kommen foar it ien en oar.”
Ik freegje:
“Wa is myn mem en wa binne myn bruorren?”
Ik wiis nei myn learlingen en sis:
“Sjoch, myn mem en myn bruorren. Want dy’t de wil fan myn Heit yn ’e himel docht, dy is myn broer, myn suster en myn mem.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
septimber 8, 2018 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.