Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (31)

septimber 1, 2018 10:07

In fijanlike besetter

Jezus makket de feint fan de sinturion wer better

De Romeinen hâlde Israel beset. In Romeinske kommandant, in sinturion, hat in jonge slaaf dêr’t er in protte fan hâldt, mar dy is siik. De sinturion komt mei de Joadske âldsten nei my ta mei de fraach oft ik syn slaaf better meitsje wol. De Joadske âldsten sizze derby:
“Hear, hy fertsjinnet it dat Jo him helpe, want hy hâldt fan ús folk en fan God en hy hat ús holpen by de bou fan ’e synagoge.”
Ik sis tsjin ’e sinturion:
“Ik kom fuort by Jo thús.”
Hy antwurdet:
“Ik bin it net wurdich dat Jo by my thúskomme. Mar as Jo it sizze, wurdt myn jonge better. Krekt as Jo bin ik ien dy’t ûnder befel stiet en dy’t altyd docht wat syn baas seit. As my sein wurdt ‘gean hinne’, dan gean ik hinne. Krekt as Jo haw ik minsken ûnder my. As ik sis ‘kom’, dan komme se. As Jo it befel jouwe, wurdt myn slaaf better.”
Dat taast my yn it moed en ik sis tsjin myn learlingen:
“Sa’n grut godsfertrouwen as fan dy Romeinske kommandant haw ik nearne yn Israel fine kinnen. In protte lju út fiere kontreien sille yngean ta it keninkryk dat yn har is en ferkeare mei goede minsken as Adam, Abraham en Jakob. En in protte lju út Israel en oare kontreien sille harsels troch har kweadwaan en kweawollen yn ’e bûtenste tsjusterens smite.”
Tsjin ’e sinturion sis ik:
“Gean nei hûs ta, it sil dy gean neffens dyn fertrouwen.”
De moeting hat de sinturion by it hert krigen. As er thús komt, fertelt syn slaaf him dat er him better fielt.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
septimber 1, 2018 10:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.