Duo-eksposysje yn gemeentehûs Bûtenpost

septimber 22, 2018 08:56

Fan 2 oktober o/m 28 desimber eksposearje byldzjend keunstners Jacomijn Steen en Erna Kroezen yn it gemeentehûs yn Bûtenpost. Mei harren tema ‘fan natuere’ slute se oan by it omtinken foar bioferskaat, mar dan krekt efkes oars.

Wurk fan Jacomijn Steen (foto: St. Keunstkrite Twizel)

Dit jier is der yn it ramt fan LF2018 yn Bûtenpost en omkriten in protte omtinken foar bijen en de natuer mei syn bioferskaat. Jacomijn Steen en Erna Kroezen eksposearje mei wurk dêr’t harren blik op de natuer yn brede sin yn ta utering brocht wurdt. Beide keunstners binne oplaat oan de Klassike Akademy yn Grins. Kroezen yn de teken- en skilderkeunt, Steen yn de byldhoukeunst.

Kroezen skilderet ûnder oare de natuer sa’t je dy ûnderweis op in kuiertocht sjen kinne. Hja wurket ek graach mei (natuerlik) materiaal. Sa binne der lito’s, houtfiken en skilderijen op jute te sjen. Steen hat it begrip ‘fan natuere’ útwreide ta de ‘minsklike natuer’. Sy wurket ek mei ferskate soarten materiaal (brûns, glês en keramyk). Jacomijn Steen wennet yn Bûtenpost en is bekend troch har dielname oan ‘Keunst yn de Tsjerke’ en de Keunstrûte ‘Rûntsje Keunstsinnich’.

De útstalling is te sjen fan 2 oktober o/m 28 desimber o.s. yn de sintrale hal fan it gemeentehûs yn Bûtenpost. De iepening is op tiisdei 2 oktober om 16.00 oere en wurdt ferrjochte troch byldhouwer/musikus en earder dosint fan de eksposanten, Gert Sennema. Publyk is dêrby fan herte wolkom.

Adres: Stasjonsstrjitte 18, 9285 NH Bûtenpost. Iepeningstiden: moandeis o/m freeds 09.00-12.00 oere en 13.00-16.30 oere. Eksposysjes yn it gemeentehûs fan Achtkarspelen wurde organisearre troch de Stifting Keunskrite Twizel. Mear ynformaasje fia www.keunstkrite.nl.

septimber 22, 2018 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*