Deadetal troch orkaan Mangkhut rint fierder op op Filipinen

septimber 16, 2018 09:46

It deadetal op de Filipinen troch orkaan Mangkhut is oprûn ta yn elts gefal 25. Dat hawwe de autoriteiten bekendmakke. De measte deaden foelen as gefolch fan ierdferskowings yn bercheftich gebiet.

Foto: pixabay.com

Nei alle gedachten rint it tal slachtoffers noch fierder op, want der wurde noch hieltyd minsken mist. Earder wiene der geroften oer in opfangsintrum dat troch stoarm ferwoaste wêze soe. In protte betroubere ynformaasje is dêr net oer beskikber, om’t de stroom yn dat gebiet útfallen is en it der net mooglik is om te skiljen.

Dúdlik is dat de superstoarm in ravaazje oanrjochte hat yn it noarden fan it Filipynske eilân Luzon. De orkaan luts mei wynfaasjes fan 300 kilometer yn ’e oere oer. Huzen en winkels binne ferrinnewearre, beammen binne omwaaid en op it fleanfjild fleagen stuollen en tafels troch de hal. De ôfrûne dagen hawwe tsientallen minsken in feilich ûnderkommen socht.

De orkaan raast op it stuit oer de Sineeske kust en Hongkong.

septimber 16, 2018 09:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.