Deaden troch ierdferskowings nei orkaan Mangkhut

septimber 22, 2018 09:21

It deadetal as gefolch fan ierdferskowings en oare natuergeweld feroarsake troch de orkaan Mangkhut op de Filipinen is oprûn ta 127. Neffens de plysje wurde noch altyd 111 oare minsken mist.

Foto: pixabay.com

Earjuster noch kamen 29 minsken om it libben by in ierdferskowing yn de sintrale provinsje Cebu. Sa’n 1200 bewenners fan it gebiet binne ferplichte evakuearre, mar net elkenien woe frijwillich fuort. Fjouwer regionale miljeufunksjonarissen binne nei it ûngelok út harren funksje set. Hja seine dat de skuorren yn it gebiet fan de ierdferskowing gjin kwea koene.

De measte deaden as gefolch fan natuergeweld nei Mangkhut foelen snein yn de noardlike Cordillera-regio, dêr’t 83 minsken om it libben kaam binne. By in enoarme ierdferskowing by in âlde myn kamen 59 libben om it libben. De helptsjinsten sykje noch hieltyd om 42 minsken dy’t mist wurde.

Ravaazje
Súdeast-Azië waard earder dizze wike opskrille troch Mangkhut. De orkaan rjochte ûnder oare in enoarme ravaazje oan op it Filipynske Luzon, dêr’t de orkaan mei 300 kilometer yn ’e oere oerhinne raasde. Mear as 200.000 minsken yn it lân moasten harren huzen út. Yn Sina en Hongkong hat de orkaan ek foar in protte skea soarge.

septimber 22, 2018 09:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.