De Stormruiter: Twa boeken by de foarstelling

septimber 6, 2018 08:56

Utjouwerij Bornmeer bringt yn gearwurking mei NDC Mediagroep twa boeken út yn it ramt fan it teaterspektakel De Stormruiter dat fan 6 septimber oant en mei 7 oktober 2018 holden wurdt yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dat as ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa.

Ofbylding: Bornmeer

As earste ferskynt op 7 septimber De Stormruiter, de Nederlânske oersetting fan de novelle fan de hân fan Bouke Oldenhof. Dêrneist steane yn it boek de teksten fan de teaterbewurking fan de hân fan regisseur Jos Thie.

Kin in minske hearskje oer de natuer? Dat is de fraach dy’t Theodor Storm (1817-1888) stelt yn syn klassike Dútske novelle Der Schimmelreiter út 1888. It is it ferhaal fan in ambisjeuze dykgraaf dy’t om 1750 hinne yn it besit komt fan in skimmelhynst dy’t magyske krêften tadichte wurde. Jos Thie bewurke de Dútske klassiker foar de muzykfoarstelling De Stormruiter en helle it plak fan hanneling fan Nordfriesland oan de Dútske Waadkust nei It Bilt oan de Fryske Waadkust. In krite mei in eigen taal, it Biltsk – in mingeling fan Nederlânsk en Frysk.

Titel: De Stormruiter | Auteur: Theodor Storm | Teaterbewurking: Jos Thie | Nederlânske oersetting novelle: Bouke Oldenhof | ISBN: 978 90 5615 4738 | Utfiering: bûn | Siden: 192 | Priis: € 19,50

Ofbylding: Bornmeer

Dêrneist komt der yn de premjêrewike in unyk fotoboek út oer it teaterstik, mei dêryn ûnder oare eksklusive foto’s fan de foarstelling. Underdiel fan it boek binne fraachpetearen, mei ûnder oare Jos Thie, Dan Brown en dykgraaf Paul van Erkelens, en artikels oer bygelyks de akteurs, de skiednis fan it Fryske hynder, filmmakker Ruben Smit, dekôrbouwer Harm Naaijer en skriuwer Theodor Storm.

Titel: De Stormruiter – De voorstelling | Gearstalling en redaksje: Siebe Annema | ISBN: 978 90 5615 4776 | Utfiering: bûn | Siden: 112| Priis: € 15,00

Mear ynformaasje: info@bornmeer.nlwww.bornmeer.nl

septimber 6, 2018 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.