De skoallen binne wer begûn

septimber 3, 2018 09:33

Hjoed binne de basisskoallelearlingen wer nei skoalle ta gien. Mei de kampanje ‘De skoallen binne wer begûn’ wurdt folwoeksenen frege om rekken te hâlden mei bern dy’t nei in lange fakânsjeperioade wer it ferkear yn gean. Dat is foar elkenien efkes wennen, ek foar de bern. Dêrom is it wichtich om foaral no skerp te wêzen op bern yn it ferkear. Der binne dan ek sandwichbuorden set by ferskate ynfalswegen en skoallen om de automobilist dêr wach op te meitsjen.

Foto: pixabay.com

Wêrom de aksje ‘De skoallen binne wer begûn’?
Fuort nei de simmerfakânsje falle der ûnder fytsende skoalbern spitigernôch hast twa kear safolle ferkearsslachtoffers as yn de rest fan it jier. De ynstek fan de kampanje is om dat oantal werom te kringen. De measte ûngelokken barre tusken fytsers en auto’s.

Sels feilich nei skoalle fytse of rinne is in wichtige learûnderfining foar bern. Dêrom is it fan belang dat âlden harren bern al fan jongs ôf rinnend of op ’e fyts nei skoalle ta bringe. Troch de deistige rûtine fan it mei-inoar nei skoalle rinnen of fytsen, leare bern fansels gefaarlike situaasjes te werkennen en hoe dêrmei om te gean. Bern leare sa stadichoan om sels oan it ferkear diel te nimmen. Troch bern altyd mei de auto te bringen leare bern dat net. Boppedat ferheget in protte autoferkear de ûnfeiligens om de skoalle hinne. Bern binne yn ûntwikkeling. Hja boartsje in grut part fan de tiid en hannelje ympulsyf. Dêrtroch dogge se soms ûnferwachte dingen. Se hawwe in langere reaksjetiid as folwoeksenen en kinne net fuortdaliks tapasse wat se leard hawwe.

Hoe kin men rekken hâlde mei bern?

  • Ryd by krúspunten stadich, dan hat men tiid om op ûnferwachte situaasjes te reagearjen.
  • Helje bern yn mei in feilige ôfstân en faasje.
  • Wês wach op ûnferwachte aksjes fan bern: sjoch nochris ekstra út yn ’e buert fan in skoalle of fan in skoalrûte.
  • Bring sels de bern op ’e fyts of rinnend nei skoalle.

Sandwichbuorden
Op de ferskate ynfalswegen en by skoallen binne sandwichbuorden delset om automobilisten derop te attendearjen dat de skoallen wer begûn binne.

septimber 3, 2018 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.