De Fryske keapfardij yn de 17e en 18e iuw

septimber 10, 2018 11:00 Fernijd

Yn it ramt fan Wolkom op ‘e lêste tongersdei fan ‘e moanne sil Siem van der Woude yn it Provinsjehûs in lêzing hâlde oer de Sonttolregisters.

Oer de lêzing
Ferskate havenplakken oan de Iselmar hawwe in skiednis dy’t sterk ferbûn is mei de skipfeart nei it Eastseegebiet. Foarbylden fan plakken yn Fryslân binne Starum, Hylpen en Makkum, mar der binne folle mear. Tusken rûchwei 1600 en 1800 rekken hieltyd mear plakken belutsen by dy bedriuwstûke, dêr’t wy by gebrek oan boarnen net it measte fan witte. Om it jier 2000 hinne krige Tresoar de kâns in wichtige boarne oan te skaffen om yn dat gebrek te foarsjen: de Sonttolregisters.  De Sont is de ferbining tusken East- en Noardsee. De kening fan Denemarken hie dêr in tol oant 1857. Oer de perioade 1847-1857 binne de registers fan dy tol bewarre bleaun. Se jouwe in soad ynformaasje oer de ekonomyske betrekkingen tusken West-Europa en de Baltyske streken. Mei de Ryksuniversiteit fan Grins is Tresoar yn 2009 oan it projekt Sonttolregisters Online begûn.

Dat hat as doel om de ynformaasje oer alle 1,8 miljoen trochfearten op ynternet te setten. Dat projekt rint op syn ein en sil yn 2019 ôfsletten wurde. Hoewol’t der skippen út in grut tal lannen de Sont passearren, wie tusken 1600 en 1800 it tal skippen mei in thúshaven yn Fryslân of op de Waadeilannen soms mear as de helte.

Yn syn ynlieding sil de sprekker yngean op de skiednis fan de Sonttol, de groei, bloei en delgong fan de keapfardij. Fansels is der ek in demonstraasje fan it Sonttolregisters Online-projekt.

Oer de sprekker
Siem van der Woude wurket as argivaris en histoarikus by Tresoar. Hy is al jierren dwaande mei de Sonttolregisters en sûnt 2008 jout er mei Jan Willem Veluwenkamp lieding oan it online-projekt fan de Sonttolregisters.

Plak en tiid
De lêzing is op tongersdei 27 septimber 2018 yn it Provinsjehûs. De seal is om 12:00 iepen, de lêzing begjint om 12.30, duorret omtrint in oere en is frij tagonklik. De fiertaal is Frysk. Jo wurde fan herten útnûge.

De organisaasje stelt it tige op priis as belangstellenden harren foar 24 septimber opjouwe witte litte mei hoefolle persoanen se komme. Oanmelde kin op wolkom@fryslan.frl.

It Provinsjehûs set op hast elke lêste tongersdei fan ‘e moanne de doarren iepen foar it publyk. Dan wurde nijsgjirrige, leechdrompelige aktiviteiten yn ien fan de publyksrûmten fan it Provinsjehûs organisearre. Soms troch de Provinsje sels, soms troch ynwenners, mar altyd foar de ynwenners fan de provinsje.

 

septimber 10, 2018 11:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.