De betinking op it Reaklif as Mienskipsdei

septimber 23, 2018 08:41

Foto: St. 1345 – Slach by Warns

Sneon 29 septimber om 13.45 oere is de jierlikse betinking op it Reaklif. Dit jier hat dy it karakter fan Mienskipsdei. Dat hat te krijen met Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Underskate ferieningen foar doarpsbelangen hawwe op fersyk fan de Stifting Slach by Warns ferklearringen opsteld en opstjoerd oer de wearde fan de mienskip. Dy wurde oan in fertsjintwurdiger fan Deputearre Steaten fan Fryslân oanbean. Boppedat binne der fan guon doarpen bydragen oer mienskipssin.

De Mienskipsdei wol  in manifestaasje wêze fan ienheid en respekt ûnderinoar, ek al kinne taal en kultuer ferskille. Ynstee fan ferearming kin soks ek in ferriking wêze. It biedwurd fan de betinking is: Sûnder mienskip gjin takomst! Allegear wolkom by de stien.

Oan de manifestaasje wurdt meiwurke troch folkband Reizger en it korps De Lytse Súdwesthoeke.

De manifestaasje as Mienskipsdei wurdt mei mooglik makke troch stipe fan it Lân fan Taal en it Prins Bernhard Cultuurfonds.

Sjoch foar wiidweidiger ynformaasje oer dizze dei it eardere berjocht op It Nijs.

septimber 23, 2018 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.