Bywurke: deadetal troch ierdbeving en tsunamy op Sulawesi nei 800

septimber 29, 2018 08:37

Op it Yndonezyske eilân Sulawesi binne troch de ierdbeving fan freed en de tsunamy dy’t dêrop folge, tsientallen deaden fallen. Neffens de organisaasje foar rampebestriding sprutsen de sikehuzen yn de haadstêd Palu fan de regio Sintraal Sulawesi oer 48 deaden. Nei alle gedachten sil it deadetal fierder oprinne.

Foto: pixabay.com

Der binne hûnderten minsken ferwûne rekke en in ûnbekend tal minsken wurdt noch mist. De ierdbeving mei in krêft fan 7,5 feroarsake freed in floedweach. Twa stêden en ferskate doarpen waarden troch de tsunamy troffen. No’t it dei is yn Yndonezië is de ferrinnewaasje by de kustline del goed te sjen.

Yn Palu, dat sa’n 350.000 ynwenners telt, hat in grutte brêge oer in rivier it bejûn. Tsientallen wenten binne ferwoaste en de stêd leit fol mei pún. De stroomfoarsjenning is skansearre rekke, sadat ynwenners fan it troffen gebiet gjin elektrisiteit hawwe. Kommunikaasje mei Palu en omkriten is lestich.

Bywurke sneintemoarn 30/9 09.00 oere:
De Yndonezyske autoriteiten hawwe it deadetal fan de ierdskodding en de tsunamy op Sulawesi ferhege nei 832, twa kear sa folle as it lêste offisjele sifer fan ôfrûne nacht. Yndonezië frezet dat it tal slachtoffers fierder oprinne sil, mei’t der hast gjin kontakt mooglik is mei ôfhandige gebieten.

septimber 29, 2018 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.