Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 17

septimber 5, 2018 12:58

Kollum

Gidslân Fryslân, hân yn hân?

2018 is foar Fryslân in belangryk jier yn de omskeakeling nei duorsume enerzjy. As we oer tsien jier weromsjogge, dan sille we sjen dat der doe in omkear yn de faasje fan hanneljen west hat.

Yn it foarste plak is it besef fan klimaatferoaring der mear as ea. Dizze waarme simmer is gjin ynsidint. It is alwer in rekôr yn de rige fan de lêste tsien jier. Nei ‘Parys’ hat Nederlân einlings in nije klimaatwet. Dat is de earste serieuze erkenning dat it roer ûnferbidlik omgoaid wurde moat. Wol yn (te) lytse stapkes, mar dochs! De Fryske gemeenten hawwe nei de ferkiezingen yn maart ek harren klimaatprogram hast allegear op papier. Grutte ferskillen mei de programma’s fan fjouwer jier tebek! Mar úteinlik sil it tempo yn Fryslân ôfhingje fan de ynwenners sels. Gemeenten kinne it net allinne. It bedriuwslibben is ek drok dwaande mei in rappe omskeakeling, it ûnderwiis pakt it ûnderwerp alle jierren effektiver oan en it belangrykste: hieltyd mear minsken sette sels stappen.

It tal sinnepanielen yn Fryslân wurdt yn 2018 hast ferdûbele (sinneparken en huzen). Koartlyn hat de rjochter tastimming jûn foar it bouwen fan it enoarme wynpark njonken de Ofslútdyk. It tal ferkochte auto’s op griengas en elektrysk ferdûbelet alle jierren. Alle nijbouwenten yn Fryslân hawwe fan no ôf gjin ierdgas. De produksje fan biogas sil ferdûbele wurde.

Al tritich jier is de klimaatferoaring troch wittenskippers foarsein. It liket frjemd dat earst no de omskeakeling werklik úteinset. Dat liket gek, mar sa wurket it yn ús demokrasy en ús ekonomyske wrâld. Uteinlik binne belangen en jild beskiedend foar feroaring. Salang’t it besef net by de mearderheid trochkringt en duorsume enerzjy djoerder is as de ‘âlde’, is tempo fier te sykjen.

Mar de omslach is no foar frijwol elkenien te fielen. Gas wurdt yn rap tempo djoerder makke, wyn- en sinne-enerzjy wurde alle jierren goedkeaper en it besef fan de needsaak waakst no like fluch.

Bedriuwen fiele ek dat se de ferliezer wurde as se net meidogge. Gemeenten ynvestearje no yn harren ridend reau, Wetterskip Fryslân ynvestearret yn ferhege tempo yn biogas, sinne en skjinne ferfiermiddels. Tûzenen auto’s ride op blauwe disel en wenningboukorporaasjes transformearje alle wiken tsientallen wenten yn enerzjyparadyskes. Garyp ytn fiif jier fan it gas ôf en hat al it grutste sinnepark fan Fryslân. Jirnsum wol in sinnepark, krekt as Akkrum, Grou en Aldeboarn. Allegear inisjativen fan de eigen bewenners. En dat giet net ienfâldich, mar de trochsetters winne hieltyd en binne wer it foarbyld foar oare doarpen en wiken. Dêrtroch groeit it entûsjasme, mar ek de mooglikheid om jild te fertsjinjen. Jild dat wer yn de nije lokale inisjativen stutsen wurdt. Dat sjogge gemeenten ek en mei de Provinsje wurde dy inisjativen hieltyd faker stimulearre. Al dwaande wurdt der in protte leard en benammen prestearre.

De Alvewegetocht hawwe mear as tachtichtûzen Friezen aktyf oan meidien. Dy hawwe sjoen en foaral field dat it allegear mei-inoar feroarjen in oantreklike wedstriid is, en dat smakket nei mear. Friezen kinne en wolle mear. Skoallen, gemeenten, doarpen en bedriuwen hawwe inoar fûn. De Freonen fan FossylFrij Fryslân hawwe hieltyd mear sicht op wat kin en benammen, hoe’t dat moat.

Fryslân is by steat om de gidsprovinsje foar Nederlân te wurden en te bliuwen. Dogge jo mei?

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert en projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
septimber 5, 2018 12:58
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jaap septimber 5, 20:56

    Sinne-enerzjy prima. Wy ha sels ek panielen op it dak, mar it griist my oan as in grut part fan de greiden ûnder de panielen ferskûle rekket. Is der wol belied op?

  2. Kriti Kastor septimber 5, 23:15

    Wêrom jout It Nijs plak oan gemeentepropaganda? Typysk gefal fan Nep Nijs. Sjoch de kollum fan Sybren Singelsma en de opmerkings fan S. van der Werff foar de oare kant fan it ferhaal.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.