Beurs fan 4.000 euro foar keunstprojekt oer klimaatfraachstik

septimber 24, 2018 07:39

Kampanjebyld Artistike Klimaattop – foto: Jaap Scheeren

Op 13 oktober organisearret IepenUP (part fan LF2018) in Artistike Klimaattop yn de Kânselarij te Ljouwert, midden yn de eksposysje Places of Hope. De organisaasje ropt keunstners op om harren plannen foar in keunstprojekt oer it klimaatfraachstik yn te stjoeren. In faksjuery sil trije nominaasjes bekend meitsje. De kandidaat of it kollektyf mei it bêste plan kriget in beurs fan 4.000 euro om it keunstwurk te meitsjen.

Op syk nei ferbyldingsfolle antwurden
“De Artistike Klimaattop yn Ljouwert is it artistike tsjinwicht fan de grutte klimaattop yn desimber 2018 yn Katowice (Poalen)”, fertelt projektlieder Matthea de Jong. “Yn de fergees tagonklike Artistike Klimaattop binne foarstellingen en keunstynstallaasjes te sjen fan keunstners út binnen- en bûtenlân, dy’t ús op in oare wize nei it klimaatfraachstik sjen litte. Der binne  workshops en wy smeie mei-inoar nije plannen. De hamfraach: wat kin de keunstsektor dwaan om ferbyldingsfolle antwurden te jaan op it klimaatfraachstik?”

Ferhalen fan feroaring
De Artistike Klimaattop fynt in tapaslike lokaasje yn Places of Hope yn de Kânselarij, in útstalling dy’t sjen lit dat de takomst net bedriigjend, mar útnoegjend is. De Jong: “Wy sykje nei in keunstprojekt dat in ferhaal fan feroaring fertelt. It leafst draacht it keunstwurk by oan it befreegjen, ûntregeljen en beynfloedzjen fan de publike opiny en politike lobby yn de oanrin nei de Klimaatkonferinsje fan Katowice 2018. De foarm fan it wurk is frij: foarstelling, ynstallaasje, film, audio, sprutsen wurd – alles kin.”

Plannen smeie op de Artistike Klimaattop
Keunstners dy’t op 13 oktober in plan foar in keunstwurk presintearje, krije de kâns om de ynspiraasje dy’t se mei de Artistike Klimaattop opdogge mei te nimmen yn harrren útstel. Men kin allinnich of mei oaren fierder wurkje oan it projektútstel en de presintaasje.

Sprekkers op de Artistike Klimaattop binne ûnder oaren kultuursosjolooch Ruben Jacobs (oer de hjitte simmer fan 2018), skriuwster Marjolijn van Heemstra (oer takomsttinken en it oersichtseffekt), Fossiel Free Culture (oer de guerrilja-aksjes tsjin Shell), Silence of the Bees (mei Bumblebee Rhapsody: troch bijen ynspirearre muzyk) en teatermakker Marjolein Freijling, dy’t ynspirearre troch Frans Bauer in teatrale rekonstruksje fan in boskbrân makke.

Ynstjoere
Keunstners mei in idee foar in keunstwurk oer it klimaatfraachstik kinne har foar 12 oktober oanmelde fia www.iepenup.nl.  Op dat webstee wordt meikoarten ek it folsleine programma fan de Artistike Klimaattop bekend makke.

septimber 24, 2018 07:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.