Bern drage gedichten foar by moaiste monumint Súdwest-Fryslân

septimber 11, 2018 08:10

Skipstimmerwerf De Hoop yn Warkum (foto: Wikipedia – publyk domein)

Skipstimmerwerf De Hoop út Warkum is earder ferkeazen ta moaiste monumint fan Súdwest-Fryslân. Dêrom hat de gemeente Súdwest-Frylân Warkum en skipstimmerwerf De Hoop yn it bysûnder yn it sintsje set op de Iepen Monumintedei, ôfrûne sneon.

Bern fan de (aspirant) trijetalige basisskoalle It Finster hawwe gedichten oer de monuminten yn Warkum skreaun. De winnende gedichten waarden 8 septimber foardroegen by de skipstimmerwerf. Wethâlder Stella van Gent die it wolkomstwurd. Besikers waarden yn ’e gelegenheid steld om de skipstimmerwerf te besjen.

septimber 11, 2018 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.