Befalling yn Tsjongerskâns primeur by Omrop Fryslân

septimber 3, 2018 12:15

Foto: Eva Aarts ûnder de keizersneed te sjen. Rjochten: Nicolien Sijtsema.

Yn it programma Fryslân Hjoed fan Omrop Fryslân binne op tiisdeitejûn 4 septimber de noch nea earder toande bylden fan in bysûndere keizersneed yn sikehûs Tsjongerskâns op It Hearrenfean te sjen. Mem Eva Aarts fan Wolvegea mocht ûnder de keizersneed sels har boppe út de búk tille en fertelt dêroer.

Eva Aarts en gynekolooch Clasien van der Houwen skowe by presintator Roelof Lousma oan yn it programma Fryslân Hjoed en sjogge werom op dy ûnferjitlike ûnderfining. Hoe hat de mem dat allegear meimakke? En is sa’n befalling mei in plande keizersneed yn de takomst foar elkenien mooglik? Yn de útstjoering is in oandwaanlike fideo fan dy unike berte te sjen.

De útstjoering is 4 septimber om 17.00 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en wurdt dêrnei alle oeren werhelle. De ôflevering is nei ôfrin werom te sjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

septimber 3, 2018 12:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ekoed septimber 4, 10:39

    Moat no echt alles yn de krant…….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.