Dykbehearder mei ynstoarte brêge Genua net wer opbouwe

septimber 12, 2018 08:00

Dykbehearder Autostrade per l’Italia is ferantwurdlik foar it ynstoarten fan de Morandibrêge yn Genua en mei dêrom de brêge net wer opbouwe. Dat hat de Italiaanske minister fan Ynfrastruktuer Danilo Toninelli sein. Neffens de minister is de brêge ynstoart trochdat Autostrade de brêge min ûnderholden hat.

Foto: Wikipedia/Salvatore1991 – lisinsje CC BY-SA 4.0)

Autostrade seit yn in reaksje dat it bedriuw, ferantwurdlik foar trijetûzen kilometer oan tolwegen troch hiel Italië, al in protte reparaasjes oan dat wegenet útfierd hat, mear as it neffens ôfspraken ferplichte is. Dêr is mear jild oan útjûn as ôfpraat wie. Tusken 2015 en augustus dit jier binne safolle reparaasjes oan de Morandibrêge útfierd, dat dat gelyk stiet oan fiif dagen wyks yn dy hiele perioade, seit Autostrade, it bedriuw dat foar it grutste part yn hannen is fan de famylje Benetton.

Dochs wurket de minister no oan in beslút dat it mooglik makket it wer opbouwen fan de brêge útfiere te litten troch in troch de steat kontrolearre bedriuw, om sa Autostrade bûten te sluten. Dat beslút moat freed goedkard wurde. Neffens de krante La Stampa giet it sels noch fierder en soe de oerheid wurkje oan in beslút om de hiele sneldykkonsesje by Autostrade wei te heljen.

Op 14 augustus kamen 43 minsken om it libben doe’t de drok beriden Morandibrêge yninoar stoarte. Al gau wiisdei de polityk nei de dykbehearder. It Iepenbier Ministearje fan Genua sette útein mei in juridysk ûndersyk nei neilittichheid troch Autostrade. Ferskate topminsken fan it bedriuw en amtners fan it ministearje fan Transport wurde ûnderwilens fertocht fan dea troch skuld.

septimber 12, 2018 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.