Amelanner dykfersterking fierd

septimber 3, 2018 12:09

Amelanner Waadseedyk – foto: Jan Spoelstra

Foar yn alle gefal fyftich jier beskermet de ferbettere Waadseedyk de Amelanners tsjin oerstreamingen. Dat waard sneontejûn 1 september fierd op it muzykspektakel Skiemer Wad dat de Amelanner stichting De Hort Op organisearre yn it ramt fan LF2018. Wetterskip Fryslân hat de ôfrûne trije jier wurke oan de ferbettering fan de 16 kilometer lange dyk. Dat wie nedich om’t de dyk net mear foldie oan de feilichheidseasken.   

De Amelanner dyk is trochinoar nommen sa’n 35 sintimeter ferhege en fersterke mei rûge brekstien, iepen stienasfalt en klaai én hat syn griene uterlik holden. De dykferbettering makket diel út fan it lanlike Heechwetterbeskermingsprogramma en hat 77 miljoen euro koste.

Logistike útdaging
Foar Wetterskip Fryslân wie it de grutste dykferbettering oant no. Deistich bestjoerder Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân: “It wie in meunsterput. Net allinnich it fersterken fan de dyk wie in enoarme put, de logistyk wie ek in flinke útdaging. Goed 800.000 ton brekstien, klaai, sân en asfalt moast mei frachtskippen nei it Amelân oerbrocht wurde. En fanwegen it bried- en stoarmseizoen koe allinnich yn de simmermoannen  arbeide wurde. In ekstra útdaging, want dan binne der in soad toeristen dy’t nei it eilân komme. Mei troch de goede gearwurking mei oannimmerskombinaasje Van den Herik Sliedrecht-Jansma Drachten, de Amelanners en belutsenen hawwe wy de put yn de stelde tiid en budzjet oprêde kinnen.”

Muzykspektakel mei in blik op de dyk
De feestlike oplevering fan de ferbettere Waadseedyk wie ôfrûne sneon by gelegenheid fan Skiemer Wad. In bysûnder muzykspektakel mei in blik op de dyk by de Ballumerbocht. By it begjin droech skoalbern Esmee Metz in selsskreaun gedicht foar oer de seedyk. Dêrnei setten trijehûndert muzikale Amelanners it Waad en de dyk yn fol ornaat. Muzykspektakel Skiemer Wad wie organisearre troch de Amelanner Stichting De Hort op yn it ramt fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

Wurkje oan in feilich Fryslân
Oant 2050 ferbetteret Wetterskip Fryslân alle diken dy’t net foldogge oan de feilichheidseasken om de fuotten yn Fryslân en it Grinzer Westerkertier drûch te hâlden. De ferbettering fan de Waadseedyk fan Koehool oant de Lauwersmar (47 kilometer) en de Lauwersmardyk (4,4 kilometer) is yn tarieding. Dêrneist giet it wetterskip yn de takomst oan ’e slach mei oare trajekten, lykas de Waadseedyk fan Koehool oant Surch (18 kilometer). Want wurkje oan wetterfeilichheid is nea ôf! 

Heechwetterbeskermingsprogramma
Om’t Nederlân in ramp foar wêze wol, brûkt it Ryk sûnt 2015 noch strangere feilichheidsnoarmen. Dêrtroch steane Rykswettersteat en de wetterskippen de kommende jierren oan ’e latte fan de grutste dykfersterkingsoperaasje ea. Mear as 1100 kilometer diken en 256 slûzen en gemalen yn Nederlân moatte oant 2028 oanpakt wurde. Dat bart mei it Heechwetterbeskermingsprogramma, in dykfersterkingsprogramma dêr’t Nederlân 7,4 miljard euro foar útlûkt.

septimber 3, 2018 12:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.