Alderearste literatuerpriis fan Skiermûntseach grut sukses

septimber 23, 2018 20:35

foto: VVV-Skier

Op Skiermûntseach waar foar de earste kear in literatuerkriich holden. Mei in geweldich resultaat. It tal ynstjoeringen kaam Biblioteek, Keunstgroep SJain en de sjuery oer it mêd, want wat koenen se ferwachtsje fan de alderearste literatuerpriis fan Skiermûntseach? Yn elk gefal gjin 255 ynstjoerings. Wurk oan de winkel dus foar de trijekoppige sjuery: kabaretier Bert Visscher, boargemaster Ineke van Gent en âld-bibliotekaris Simone de Boer. Se beoardielen álle anonimisearre gedichten oer de see. Alle ynstjoerders en yn it bysûnder de fiif dy’t nominearre wiene, wiene sneon 22 septimber om 16.00 oere yn de Got Tjark op it eilân.

Elkenien koe it earste healjier fan 2018 in gedicht ynstjoere oer de see. De see boldere, brûzde, dindere, dondere, babbele, kabbele, sloech, swypke, smeke, preke, ferwoaste, ferûntskuldige him, omearme leafsten, boarte mei bern, skûme oan fuotten, hie in soad gesichten, ebbe en streamde, makke folwoeksen minsken lyts en bern grut. Koartsein, de see nimt en jout yn de gedichten.

Ynstjoeringen út binnen- en bûtenlân
Utsein it tema stie ek de taal fêst: Frysk, Nederlânsk of eilannersk. Op de oprop fan de Biblioteek en Keunstgroep SJain waard folop reageare. 255 gedichten út binnen- en bûtenlân streamden de digitale en fysike brievebus fan de Biblioteek yn. De haadpriis is in dinerbon én de Literatuerpriis Skiermûntseach, in prachtige bokaal. In wikselbeker, want sa’n dielname freget fansels om in ferfolch. Dit jier stie poëzy sintraal, takomme jier mooglik in oar part fan de literatuer.

Bêste fjirtich yn in dichtbondel
Om elkenien gelikense kânsen te bieden, krigen de sjueryleden anonimisearre gedichten ûnder eagen. Se selektearren dêr fiif fan, dêr’t ôfrûne sneon trije fan in priis wûn hawwe. Troch it hege nivo kaam de sjuery net maklik ta in top fiif. Der is dêrom besletten om de bêste fjirtich gedichten te publisearjen yn in dichtbondel. Dy bondel is sneon presintearre.

De literatuerpriis fan Skiermûntseach is organisearre yn it teken fan Ljouwert-Fryslân 2018.

septimber 23, 2018 20:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.