Alle arrestanten studinteprotest Amsterdam frijlitten

septimber 30, 2018 09:07

P.C. Hoofthûs yn Amsterdam (foto: Wikipedia/Vysotsky – lisinsje CC BY-SA 4.0)

Freed is in groep studinten oanholden by de ûntromming fan it P.C. Hoofthûs yn Amsterdam. Sneon binne se allegear wer frijlitten. De groep besette it gebou fan de Universiteit fan Amsterdam út protest tsjin de besunigings yn it heger ûnderwiis en it ferskaatbelied fan de UvA, dat neffens harren tekoartsjit.

28 fan de arrestanten moatte har yn novimber by de rjochtbank melde. Trije krigen in strafbeskikking fan it Iepenbier Ministearje en hoege net foar te kommen. De mobile ienheid makke earst in tal studinten los by de yngong fan it pân oan de Spuistrjitte. De gruttere groep studinten dy’t de yngong oan it Singel beset hie, gie dêrnei út eigen beweging fuort. De demonstranten yn it gebou waarden arrestearre fanwege lokaalfredebreuk.

septimber 30, 2018 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.