Akteur socht foar rol Grutte Pier

septimber 17, 2018 18:06

Grutte Pier (ôfbylding: Fryske Kanon)

Regisseur Steven de Jong siket in akteur dy’t de rol fan Grutte Pier spylje wol yn in rige films dy’t er meitsje wol. De films folgje it libben fan Grutte Pier, dy’t offisjeel Pier Gerlofs Donia hiet. It meitsjen fan de searje sil acht jier tiid nimme. De films wurde útstjoerd troch Omrop Fryslân.

De Jong siket in gewante keardel fan op syn minst 1,90 lang, dy’t ûnderfining hat mei aktearjen. De akteur hoecht net in Fries te wêzen. Kandidaten kinne audysje dwaan. Oanmelding is mooglik op de ûndersteande webside:

https://www.gruttepier.tv/

septimber 17, 2018 18:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*