Sympoasium Agraryske Dagen: Waadhoeke stiet bol fan de wûnders

septimber 22, 2018 19:48

Foto: Gemeente Waadhoeke

Tongersdeitejûn 20 septimber waard yn it ramt fan de Agraryske Dagen i sympoasium holden yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. In jûn foar de ûndernimmers fan Waadhoeke. Der kamen sa’n 200 ûndernimmers om mei-inoar yn ’e kunde te kommen en om mei-inoar ferbining te sykjen. Sy kinne as “Wûnders fan Waadhoeke” beskôge wurde. Wethâlder Caroline de Pee en presintator Roelof Lousma lieten yn fjouwer filmkes de ynnovative en duorsume aktiviteiten fan bedriuwen sjen en dat fan Waadhoeke út de hiele wrâld betsjinne wurde kin. Trendwatcher Adjiedj Bakas die in takomstfoarsizzing foar it Jier fan de Baarch en technology. De jûn is tige slagge te neamen.

Wûnders fan Waadhoeke
Jasper Reijgers fan Faber Audiovisuals fertelde dat it bedriuw technologyske keunststikjes fan LED-skermen, flieren en ferljochting ferhiert oer de hiele wrâld. Der arbeidzje sawat 200 minsken by dat bedriuw. Mar it krijen fan nije minsken giet dreech. Dêrom begjint it in eigen ynterne oplieding yn Sint- Anne dêr’t it noch minsken foar siket. Hoe unyk is dat!

Cornelis Terpstra, earder haadklassekeatser, woe fan de keatsmofproblemen ôf. Hy is dêrom yn syn achtertún begûn mei it meitsjen fan keatsmoffen. No makket er ek shorttrack- en fytsskuon fan karbon. In bonkehurd materiaal dat maklik te foarmjen is. Dat docht er ûnder oaren foar Sjenkie Knegt en in tal oare topsporters.

Wietze Rosier en Siebe Greidanus hawwe in lânboumegnisaasjebedriuw. Sy seagen takomst yn it brûken fan de gassen dy’t frijkomme fan kowedong. Se hawwe in nij kleppesysteem makke yn in trekkermotor dy’t op ierdgas rydt. Dêrtroch kin in trekker op it gas fan dong ride. Alhielendal enerzjyneutraal, dus tige goed foar it miljeu.

Yn Frjentsjer stiet by D&O Bouwglas in masine dy’t glês en spegels bewurkje kin. Dy masine is de iennige yn Noard-Nederlân. Sebastiaan Douma fertelde dat se glês en spegels brûke foar bygelyks útstalfinsters en etalaazjeruten foar ûnder oaren it Van Goghmuseum en Kröller-Möllermuseum. Spesjale glêzen oerkappingen of gevels. Se hawwe derfoar keazen om gjin massaproduksje te dwaan, mar foar spesjale klantopdrachten te kiezen. Dat hat fertuten dien.

Adjiedj Bakas, de trendwatcher dy’t bekend is fan ûnder oaren BNR Nieuwsradio en de Telegraaf, makke syn takomstfyzje sichtber en sawat taastber yn de seal. Hy sei dat de Sinezen 2019 ta it jier fan de baarch neamd hawwe neffens harren astronomy. Sina hat grutte ynfloed op de wrâldekonomy, wat betsjut dat der saken dien wurde mei sûn ferstân, loyalens en guodlikens. Mar ek mei geduld, tsjinwarfermogen. Hy foarseit dat de kommende jierren de technology fierder optsjocht. Mar sil it net altyd winne. Wy moatte as minsken sels betinke hoe’t we de technology op in krekte wize ynsette. Kreativiteit fan minsken bliuwt wichtich.

Organisaasje
De organisaasje fan it sympoasium wie yn hannen fan: Kommisje Agraryske Dagen, Commerciële Club Noordwest Friesland, Rabobank Noordwest Friesland, H&N/OVF (winkeliers/ûndernimmersferiening Frjentsjer), NDC Mediagroep, Frjentsjerter Krante en Gemeente Waadhoeke.

septimber 22, 2018 19:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.