Aant Mulder: weismiten jild?

septimber 18, 2018 07:00

Kollum

Wy ha wer in nij taalûndersyk. Dat we witte wer hoe’t it der mei it Frysk foar stiet. Of dochs net? Dit fjirde taalsosjologyske ûndersyk, Taal yn Fryslân, de folgjende generaasje, stiet op namme fan Edwin Klinkenberg, Reitze Jonkman en Nika Stefan fan de Fryske Akademy. De resultaten binne koartlyn buorkundich makke. Wa’t fan it folsleine ûndersyk op ’e hichte wêze wol, moat him der wol efkes ta sette. It ferslach is in boek fan 133 bledsiden wurden. Ik sil net sizze dat ik dat hiele boek lêzen ha, mar ik ha der wol aardich yn omstrúnd. Yn ’e kranten lês ik dat it neffens dat ûndersyk mei it Frysk hielendal net ôffalt. Ferlike mei eardere ûndersiken yn 1980 en 1994 soe it Frysk wakker gelyk bleaun wêze. De ûndersikers skreaune ferline jier al yn in boekje mei deselde namme dat it Frysk der sels in bytsje op foarútgien wie. Der soene krekt wat mear minsken wêze dy’t no Frysk prate, lêze en skriuwe. Benammen mei it skriuwen soe ’t de goede kant út gean. Likegoed tink ik dat we noch mar net jûchhei roppe moatte. Dat hat alles te krijen mei dit ûndersyk en hoe’t dat dien is.

De Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

Wy ha al in hiele tradysje as it om sokke ûndersiken giet. Dy begûn eins yn 1969 mei de publikaasje fan L. Pietersen ‘De Friezen en hun taal’. Dat soene we it earste taalûndersyk neame kinne. Yn 1984 en 1995 folgje dan it twadde en tredde ûndersyk. Fierder hat de Provinsje trije kear saneamde fluchhifkingen útfiere litten. Oare ûndersiken lit ik mar gewurde. Foar dit fjirde taalûndersyk ha Provinsje en Fryske Akademy te min jild oer, begryp ik. Der wiene dus twa mooglikheden. It ûndersyk útstelle oant der genôch jild is om it goed te dwaan. Goed, dat moat yn alle gefallen betsjutte dat de útkomsten op deselde wize ferlike wurde kinne mei eardere ûndersiken. De oare mooglikheid: it ûndersyk oanpasse oan it jild. Dat is dien. Dat betsjut dat de klam mear op it Frysk kaam te lizzen en dat foar oare prosedueren keazen waard. Dat lêste, dat hie net moatten. De data moasten lykwols goedkeaper sammele wurde. Der waard dêrom keazen foar fragelisten op ynternet, wylst eardere fragelisten oer de post ferstjoerd waarden. De wurkwize fan no is dus hiel oars en net mear te ferlykjen mei de wurkwize fan eardere ûndersiken. Dat hat gefolgen foar de resultaten. Dy binne ek net mear goed te ferlykjen mei dy fan eardere ûndersiken.

Sa krigen 30.000 ynwenners/húshâldingen yn Fryslân in digitale útnûging. Dat barde op basis fan tafal en dat is fansels wat oars as in a-selektive stekproef. De fragelist hie in koade en dat betsjutte tagelyk dat mar ien fan dy húshâlding de fragelist ynfolje koe. It gie om 77 fragen en dat soe yn in kertier/tweintich minuten kinne moatte, waard sein. Dat is 15 sekonden foar in fraach. Wa’t alle fragen ynfolle, koe ien fan de fjouwer beskikber stelde iPads ‘winne’. No witte wy daliks al dat guon fan de wat âldere generaasje net meidwaan koene, om’t se gjin ynternet ha. Oaren sille ôfheakke hawwe, om’t it ynfoljen en weromstjoeren lestich fûnen (neffens de ûndersikers 8%!). Tagelyk krije we hieltyd faker sokke fragelisten fia e-mail en websiden. Autodealers, hotels, enerzjymaatskippijen en gean sa mar troch, se wolle allegearre yn in pear fragen, dy’t mar in pear minuten fergje, fan alles fan jin witte. Ik wit net wat jimme dogge, mar ik klik se hieltyd faker fuort. En de jongerein fynt e-mail al lang âlderwetsk! De kâns is grut dat se der amper nei sjogge. Dy ha leaver in appke. Mar goed, as it dan dochs oan ynfoljen takomt, dan sille de minsken dy’t wat mei it Frysk ha de fragen earder beäntwurdzje as dyjingen dy’t der neat mei ha. It fernuveret my sadwaande net dat mar sa’n 10% de list ynfolle en weromstjoerd hat. Nei in twadde oprop om dochs mei te wurkjen waard it tal meidoggers alles byinoar dochs noch 15%. Der wie rekkene op 30%. Dat foel dus likegoed noch raar ôf! De ûndersikers ferbine der in negative opmerking oan. Sa, fan: wy soene de belangstelling foar it Frysk wolris oerskatte kinne. Jo moatte mar doare! Dy iPads ha yn alle gefallen net folle fertuten dien. Ik soe sizze as mar de helte fan de data dêr’t op rekkene is, ynkomt, dan kin men mar better ophâlde. No ja, as men op dat tal de faktor 2 loslit, binne it der fansels wer likefolle. Sa dogge de ûndersikers dat yn guon situaasjes. Foar de dúdlikens, oan it ûndersyk ha 3837 minsken digitaal meidien, wylst mei mar 250 respondinten in persoanlik ynterview holden is.

De ûndersikers sille wol ferwachte ha, en ik eins ek wol, dat de respondinten sa net represintatyf binne foar it gehiel. In pear foarbylden. De jongerein hat minder faak meidien as de âlderein. Lege opliedingen komme minder faak foar as hege opliedingen en sa fierder. Dêr wurdt de al earder neamde proseduere op loslitten. Konkreet: yn in beskate situaasje ha sân jongeren (o/m 29 jier) meidien. Neffens it CBS (Centraal Bureau Statistiek) hiene dat 21 wêze moatten. Dus de faktor 3 derop loslitte en jo ha 21! Dat is mar ien foarbyld. Prosedueren en ynterpretaasjes meitsje dat ik de útkomsten mei in skalk each besjoch. Dy grutte goodwill dy’t der foar it Frysk oer bestean soe, dy betwivelje ik. Ja, as we mar fatsoenlik binne, tink! Sa stiet dat der sawat. Dat it behearskjen fan de taal sûnt ’84 aardich gelyk bleaun is, wol my mar min oan. Dat it oanpart Frysktaligen stadichoan lytser wurdt, dat sil sa wêze. Dat der mear Frysk skreaun wurdt, dat is ek dúdlik. Dat hat te krijen mei de sosjale media, mar kinne we dat wol skriuwen neame? Hawar, yn de oanbefellingen kin ik my folslein fine. Yn it ûnderwiis moat struktureel omtinken foar Frysk skriuwen komme en bestjoerders en amtners moatte alles dwaan om de minsken gewoan Frysk prate te litten as se dat wolle.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 15 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

septimber 18, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe septimber 18, 09:33

    Wy soenen de belangstelling foar it Frysk wolris oerskatte kinne, wurdt suggerearre. Ik tink it, want ,,wy” libben yn de ferûnderstelling dat de wet útfierd waard en dat alle Fryske skoallen har bêst dienen om de wet út te fieren. Nee hear. Achter ús rêch om besleaten de skoallen de wet te sabotearjen en de oerheid om in each ticht te knipen. En dat gie sa fjirtich jier lang. En doe waarden wy wekker, en tochten, hee, wat is der in bytsje belangstelling foar it Frysk. Hee, wat is der in bytsje Fryske literatuer dy’t dy namme hawwe mei oerbleaun. Hee wat is der dit en hee wat is der dat. En doe kaam der in plan dat it Frysk ûnderwiis krekt yn 2030 wer wat op poaten hat. En doe moasten wy klappe, seinen se.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.