Aant Mulder: krantlêze of net

septimber 10, 2018 07:09

Kollum

Ik bin in krantlêzer, ha ’k altyd west. Thús liezen we de Leeuwarder Courant (LC), dy’t we fansels gewoan de Ljouwerter neamden. Sa gie dat. Dy krante hearde by ús. Oaren liezen it Deiblêd, dat is it Friesch Dagblad (FD), om’t dy by harren hearde. Us lân wie doe noch ferpyldere. Dat krantlêzen, dat doch ik dus noch altyd. De Ljouwerter falt noch hieltyd by ús op ’e matte. Dat dwaan en litten ha ’k oan dy ferpyldere tiid oerholden. Foar de Varagids jildt eins itselde. Us bern ha dy gewoante net mear oernommen. Dy lêze gjin kranten en gidsen mear. Stadichoan fernuveret it my hieltyd faker dat ik dat noch wol doch.

Ik freegje my de lêste tiid gauris ôf wêrom’t ik krantlês en wêrom’t dat de Ljouwerter is. It antwurd is net iens sa lestich. Ik wol op ’e hichte wêze fan wat om my hinne, wat yn de eigen kontreien, yn de eigen provinsje bart. Dat betsjut dat ik graach in protte nijs út Fryslân yn de krante lêze wol en dat nijs dan it leafst yn de taal sa’t it ek oan de krante ferteld wurdt. Fansels, dêr heart ek lanlik en ynternasjonaal nijs by. Likegoed hie ’k de gewoante om gauris kranten en tydskriften, dêr’t dy ûnderwerpen krekt efkes dúdliker yn oan ’e oarder kamen, te keapjen of dêr sels abonneminten op te nimmen. Dat is linkendewei feroare. Kranten en tydskriften begjinne hieltyd mear opinoar te lykjen. Dat hat fansels te krijen mei de gearwurking mei oaren om kosten te besparjen. Sa wurdt besocht om lêzers te hâlden. Likegoed is krantlêzen dochs wol in djoerabele saak. Dat de krante faak mei buorlju of goekunde lêzen wurdt, hat wat sosjaals, mar djoere abonneminten binne dêr wol de oarsaak fan. Wat dy gearwurking oanbelanget, dêr binne de Ljouwerter en it Algemeen Dagblad (AD) in goed foarbyld fan. Wy ha skoften in abonnemint op beide hân. Wy diene dat om krekt wat better op ’e hichte te wêzen fan lanlik en ynternasjonaal nijs. It hat efkes duorre, mar op in beskaat momint waard ús dúdlik dat we dochs wol hiel faak yn beide kranten wurd foar wurd deselde artikels liezen. Dêr binne kranten te djoer foar. Dat betsjut dat we it AD opsein ha. Fan en ta freegje ik my lykwols ôf oft it net oarsom wêze moatten hie.

De Ljouwerter feroaret ûnder de bedriuwen troch. Dan bedoel ik net iens dat de middeiskrante in moarnskrante waard, dat it formaat fan de krante feroare en mear fan datsoarte fan dingen. Nee, ik bedoel dat ik foar myn gefoel hieltyd minder lês fan wat ik eins lêze wol. Dêr komt by dat de krante mei de iene taal folle mear docht as mei de oare. Om Fryske teksten moat mei in lantearntsje socht wurde. No hat dat altyd wol wat sa west, mar stadichoan krij ik dêr mear lêst fan. It betsjut dat ik faker ris in Deiblêd keapje. Faaks dat dy krante dêr mear omtinken foar hat. Dat soe ommers samar kinne, krekt om him te ûnderskieden fan de Ljouwerter. Dat is spitigernôch net sa. It Deiblêd hat fan alles wat minder, leit wat oare aksinten en besiket tagelyk in kristlik deiblêd te bliuwen. Wat de kar fan it nijs oanbelanget ûntrinne beide kranten inoar likegoed wol aardich en dat wylst se ta deselde groep hearre, deselde algemien direkteur en deselde haadredakteur ha. Dat is knap. It is likegoed te min om twa abonneminten te hawwen. It FD is spitigernôch gjin Frysk deiblêd en dêrom net in alternatyf.

Underwilens geane de feroaringen by de Ljouwerter troch. It liket wol oft der hieltyd minder nijs yn stiet, dat de foto’s hieltyd grutter wurde en dat der tagelyk hieltyd mear reklame yn stiet. It hat der ek alles fan dat der stadichoan mear aparte katernen mei in hieltyd grutter ferskaat oan ûnderwerpen komme. Ik ha lang net altyd belangstelling foar dy katernen. Ik bin grif net de iennige. As ik oer guon ûnderwerpen mear witte wol, keapje ik noch altyd graach in apart tydskrift. Likegoed betelje ik wol foar al dy katernen. Underwilens sjoch ik al wer nije feroaringen. Dizze simmer gie de LC mei de bylage Sneon en Snein de grins oer. Dat katern waard dúdlikernôch rjochte op de trije noardlike provinsjes en sa sille guon artikels yn de Ljouwerter en yn it Dagblad van het Noorden, grif deselde west ha. Dat Dagblad makket tagelyk de trijekaart fan de NDC (Noordelijke Dagblad Combinatie) folslein. Gjin wûnder dat de ferskillen tusken dy beide kranten dus hieltyd lytser wurde. Dat komt it nijs út Fryslân wei perfoarst net te’n goede. Dat jildt foar it brûken fan it Frysk nammerste mear.

Der binne mear feroaringen. It ynternasjonale en lanlike nijs is ornaris fergees en goed te folgjen op apps en websiden. Dêr hoecht men gjin jild mear foar út te lûken. De eigen krante kin ek digitaal lêzen wurde, mar dat is fansels net fergees. Ik ha ek sa’n digitaal abonnemint, dêr’t ik neat mei doch. It wurdt tiid dat ik oarder op saken stel. Dat digitale abonnemint kin ik wol opsizze. It wurdt ek tiid om my ôf te freegjen hoe’t ik it bêste op de hichte bliuw fan it nijs út Fryslân wei. As ik dat nijs gewoan yn it Frysk lêze wol kin ik eins allinne mar terjochte by Omrop Fryslân en de digitale krante It Nijs. By It Nijs kin men ek lanlik en ynternasjonaal nijs lêze en dat dus allegearre gewoan yn it Frysk. De Ljouwerter ha ’k eins wol in bytsje opjûn. Dat wurdt him grif net mear. Dat wurdt it nije Dagblad van het Noorden. Dat soe oars tagelyk wol betsjutte kinne dat it Deiblêd, it Friesch Dagblad dus, de romte kriget om ús alle dagen goed oer it nijs yn Fryslân by te praten en wêrom soe dat dan net wat mear yn it Frysk kinne? Dat soe wat wêze. Sa’n krante soe ’k lêze wolle. It komt der grif net fan! Foarearst moat ik mar tidigje op Omrop Fryslân en It Nijs.

Foto’s: Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 8 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

septimber 10, 2018 07:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben septimber 11, 19:54

    Sûnd de Ljouwerter ynliive is troch de NDC-Media is it wat it Frysk oanbelanget hurd minder wurden.De taheakke ‘Sneon en Snein” dogge se ôf mei gevelsje Frysk. En de” Freed” betiden twa siden.
    Ik ha ek noch wat nijs oer me sels. Sûnd Febr, 2016 skriuw ik historyske ferhalen yn ‘Groot Heerenveen”.Mei de redaksje fan dy krante wurd besjoen om it te bundeljen ta in boek. Hawwe dyn lessen dochs noch fertuten dien.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.