Aant Mulder: fonteinen binne lytse reuzen

septimber 4, 2018 21:00

Kollum

Dat fonteinen lytse reuzen binne, betocht ik doe’t ik fan ’e wike ûnderweis wie fan de iene nei de oare fontein ta. Ik hie earder alris hjir en dêr guon nije fonteinen besjoen, mar ik hie der fansels noch mear oer lêzen. De fonteinen wat fierder fan hûs ôf koe ik allinne noch mar fan plaatsjes en ferhalen. Ik fyn dat it dêr net mei ta kin en dus ha ’k fan ’e wike mei party oaren meidien oan in busreis by de tsien fonteinen del. Dat hiene der fansels alve wêze moatten, mar goed dy alfde fontein, de iisfontein yn Dokkum, is noch hieltyd net klear.

Fontein Snits

De fonteinen ha ien ding mienskiplik. Sy binne allegearre betocht en makke troch bûtenlânske keunstners. Dêr is genôch oer skreaun om dat te witten. Dat is goed. Oer keunst moat diskusjearre wurde. Dêr doch ik graach oan mei. Ik fyn dat fonteinen oan in pear betingsten hearre te foldwaan. Sy moatte as objekt goed passe op it plak en yn de stêd dêr’t se foar ornearre binne. Sy moatte ek útnûgjend wêze en maklik te begripen. Fierder soe it moai wêze as it boarnen fan ynspiraasje wurde foar ús eigen keunstners. Soe dat allegearre net sa wêze, dan binne en bliuwe it frjemde eleminten yn ús stêden. Wy ha der eins gjin wurd foar, de Dútsers wol: ‘Fremdkörper’ neame se soks. Hawar, dat binne foar my dus wol sawat de kritearia. Ik kom dêrom ta de konklúzje dat net alle fonteinen like goed slagge binne. De measten dogge tinken oan de reuzen, dy’t mei in protte jild diskant op helle binne en dêr’t we mei-inoar in wykein lang geweldich fan geniete ha. Der bliuwt lykwols net folle fan hingjen. Foar de ‘legacy’, sa’t se dat neame, ha we der net folle oan. Datselde jildt foar de measte fonteinen. Dy ha we ek foar in protte jild yn de alve stêden delsette litten. Nei dit jier, as we se allegearre faak genôch op de foto set ha, reitsje guon grif mei gauwens yn it ferjitboek. De oerienkomsten mei de reuzen binne sadwaande grut. De fonteinen binne lytser en dêrom neam ik it mar lytse reuzen, better sein: ‘Fremdkörper’.

No wol ik net sein ha dat we neat mei fonteinen ha. Ik kin sa twa opneame dy’t folslein by ús en by Fryslân hearre. Yn it foarste plak is dat fansels de Merkuriusfontein. Dy fontein, dy’t we sûnt 1923 ha, is makke troch de Dútser Gustav Adolf Bredow. De oare, dat is de fontein fan ir. J.E. Wiersma mei de fonteinfûgel fan Chris Fokma der boppe-op yn ’e midden fan it Europaplein. Dy waard yn 1964 troch de doetiidske Suvelbank oan Ljouwert oanbean. Frysker kin it net! Wy ha ek noch in keunststof fontein fan suver op goed gelok opsteapele kleurige rûne skiven hân. Dy hat foar it stasjon yn Ljouwert stien. Ik wit net wêr’t er bedarre is. Soe er te útwrydsk west ha? Dat is dan in faai foarteken foar de alve nije fonteinen, dy’t by foarkar ‘11 fountains’ neamd wurde! Yn alle gefallen giet it by fonteinen om twa dingen: in al of net abstrakte foarstelling en wetter dat omheech spuitet en wer yn in bassin delkomt. De moaiste fonteinen binne dy objekten dy’t foar bern en grutte minsken in tagonklik bassin ha en dêr’t benammen bern moai efkes yn boartsje kinne en wiet wurde. Dat soks tagelyk wer swierrichheden jaan kin lykas yn Italië, dêr binne we noch lang net oan ta. Us grutste problemen by dy nije fonteinen binne dat bern graach yn it wetter boartsje wylst grutte minsken foto’s meitsje wolle sûnder in oar syn bern derop.

Fontein Warkum

As ik efkes bern mei de bern bin en it kontakt mei it wetter foaropset, dan binne de measte fonteinen aardich slagge. Dy yn Snits en Harns, dy’t beide wol yn it wetter steane of lizze, mar net benei kommen wurde kinne, falle in bytsje ôf. Dy fan Ljouwert, de mistfontein dêr kin yn alle gefallen yn de dize boarte wurde. Ik fyn dat fonteinen tagelyk ta de ferbylding sprekke moatte. As ik earst in hiel ferhaal lêze en begripe moat, hoecht it fan my al net mear. Benammen by Drylts, Hylpen en Frjentsjer hearre hiele ferhalen, begryp ik. Ik fyn ek dat se yn stiennen omkriten hearre te stean. Dat betsjut dat ik wat muoite ha mei dy fan Warkum dy’t op in gersfjild by it nije haventsje stiet. De fonteinen yn Starum en Boalsert dêrfoaroer, dy mei ’k wol lije.

Dy twa steane yn stiennen omkriten, op logyske plakken. De fisk yn Starum hoecht net iens in ferhaal by. Wa tinkt net daliks oan De Frouwe fan Starum, de fiskerij en oan de earmoede en rykdom fan dat stedsje. Wy fine it allegearre folslein logysk dat dy fisk dêr by de haven leit. Wy kinne deromhinne rinne, deryn klimme. Dat dogge net allinne bern. Wa’t dat docht, kin besykje droech te bliuwen en dochs wiet wurde. It is ien fan de fonteinen dêr’t bern yn boartsje wylst grutte minsken tagelyk foto’s meitsje wolle en dan leafst sûnder oaren of krekt mei eigen bern of bersbern derop.

Fontein Boalsert

De flearmûs yn Boalsert bylket mar hiel gewoan. In better plak hiene se lykwols net betinke kinnen. In brûnzen flearmûs foar de Broeretsjerke. Dy tsjerke dêr’t nei in grutte brân de muorren noch fan steane, dêr’t glêzen platen as dak en as ruten it ûnlijige waar bûtendoarren besykje te hâlden, dat is in folslein natuerlik plak foar flearmûzen. Dêr hoecht ek net in ferhaal by. Bern kinne derop klimme, boartsje yn it wetter dat him ta de bek útspuitet en der kinne prachtige foto’s makke wurde. Flearmûs en omkriten foarmje gewoan ien gehiel. Tagelyk stiet er midden yn de stêd. It is gewoan in klassiken ien, mar dan yn moderne foarm. Dy hat grif in grutte takomst.

foto’s © Aant Mulder.
Foto thússide: de fontein fan Starum

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 1 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

septimber 4, 2018 21:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.