Aant Mulder: de Fryske Akademy yn swier waar

septimber 25, 2018 08:00

Kollum

Doe’t ik hearde dat de Fryske Akademy yn swier waar ferkeart, moast ik weromtinke oan dy kears dat ik op de Nijstêd yn Ljouwert rûn en ynienen immen roppen hearde: ‘Alles goed thús?’ Ferheard seach ik doe om en dat die mr. dr. K. de Vries ek. Ik wie suver ferbjustere dat de direkteur fan de Fryske Akademy nei dy pear skiednislessen seach wa’t ik wie en my sa fleurich groete. Ik wie doe noch mar sa’n begjinnende skoalmaster dy’t Frysk oan de Noardlike Leargongen fan de Fryske Akademy studearre. Wy krigen dêr doe in tal skiednislessen fan him. Dêr begûn foar my de skiednis fan Fryslân. Hawar, ‘Alles goed thús?’ Dêr moatst ik wer oan tinke doe’t ik ferline wike lies dat it der mei de Akademy net goed foar stiet. Dêr is net alles goed! Dat is dúdlik.

Wat is der te rêden? De Fryske Akademy sit sûnt dr. Hanno Brand twongen waard om de riemen binnen board te lizzen sûnder direkteur. Brand sil grif in treflik wittenskipper wêze, mar in ynstitút as de Fryske Akademy bestjoere freget gâns wat oare feardichheden. Krekt dêr moat it oan mankearre ha. Dat hie dus fan gefolgen dat de Fryske Akademy it betrouwen yn him opsei. De man koe sadwaande net folle oars as him fierder wer mei de wittenskip dwaande hâlde. In ynterim bestjoerder yn de persoan fan Willem Smink waard oansteld. Smink, de âld-foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de NHL (Noardlike Hegeskoalle Ljouwert) hie al earder by de Fryske Akademy belutsen west. Dat wie doe’t in takomstfyzje opsteld wurde moast. Ik hie de lêste tiid al ris in pear kear wat oer de swierrichheden by de Akademy grútsjen heard. It hat der no lykwols alles fan dat Smink it lek no boppe hat. Yn alle gefallen hat er op de jierlikse Akademydei sein dat de lêste jierren mear jild útjûn waard as dat der ynkaam en dat dat net langer sa kin. Der moat dêrom omraak besunige wurde en it hat alle kâns dat dêr twongen ûntslaggen by hearre. Yn datselde ferhaal kaam ek oan ’e oarder dat de Nederlânske universiteiten noch mar twa folsleine banen ha fan minsken dy’t ûndersyk nei it Frysk dogge. De Akademydei waard der wat minder feestlik fan. Nuodlike tiden, dat is wol dúdlik. It is likegoed net de earste kear dat it fuortbestean fan de Fryske Akademy faai stiet. De Akademy hie bygelyks yn 2004 in tekoart fan in miljoen. Dat wie nei de perioade fan in treflik wittenskipper as dr. Lammert G. Jansma as direkteur.

Ik sei it al, no’t ik wat oer de Akademy skriuw, moat ik hast as fansels wer oan mr. dr. K. de Vries tinke. It is as hear ik it him wer freegjen: ‘Alles goed thús?’ Dan tink ik oan de Akademy, dy’t eins ús Frysk wittenskiplik thús heart te wêzen en dan soe ik sizze wolle: ‘Nee, thús is dus net alles goed!’ Hoe hat it sa fier komme kinnen? Ik tink dat it te krijen hat mei de doelstelling fan de Fryske Akademy. Dy doelstelling datearret fan 1938. Doe waard de Fryske Akademy oprjochte. Dat doel: in wurkmienskip dy’t him taleit op de wittenskip oangeande Fryslân, it Fryske folk en syn kultuer yn al syn uteringen yn de romste sin fan it wurd, is neffens my wat op de eftergrûn rekke. Dy doelstelling, dêr waard it Fryske folk yn behelle. Tink mar oan dat grutte ferskaat fan wurkferbannen, dêr’t no net folle mear fan oer is. Tink ek mar oan de warberens fan de Akademy as it gie om it Pedagogysk Advysburo, de Noardlike Leargongen, de bestjoersakademy, de agogyske akademy, Ubbo Emmius. It binne stik foar stik inisjativen dy’t der ta diene. Dy inisjativen krigen in eigen plak of ferdwûnen wer. In foarbyld. It Pedagogysk Advysburo waard ûnderdiel fan it MSU (Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegeliedingstsjinsten). Dat MSU is no it Cedin fan hjoed-de-dei. Mei dy wurkferbannen, mei dat grutte ferskaat oan inisjativen stie de Akademy midden yn de Fryske mienskip. ‘De Akademy wie by bestjoerders as Sipma, Brouwer en letter mei direkteuren as deselde Brouwer en fansels mei mr. dr. K. de Vries yn goede hannen. Dat wiene minsken dy’t Frysk wiene, yn ieren en sinen, de mienskip koene, fan wittenskip wisten en tagelyk wol bestjoere koene. Nei De Vries begjint dat te feroarjen. Direkteuren as Jansma, Salverda, Brand, binne yn ’t foarste plak treflike wittenskippers, mar wat minder Frysk. Sy kenne Fryslân wat minder goed en ha it tagelyk dregernôch mei it bestjoeren fan in hieltyd grutter wurdend ynstitút.

Der moat wer in nije direkteur komme. Dat moat immen wurde dy’t alles fan de wittenskip, fan it Frysk en fan Fryslân wit en it moat tagelyk immen wêze dy’t mei minsken en in aardich grut ynstitút omgean kin. In nije mr. dr. K. de Vries. Ik hie wol ien witten, mar lit dy no krekt foar Grins keazen ha! Tagelyk moat dy âlde taakomskriuwing wer op tafel komme. De Fryske Akademy moat wer fan de Friezen wurde en de Akademy moat meidwaan oan de ûntwikkelingen yn Fryslân. Dat wolle we yn Fryslân. Tink mar oan dy wurkferbannen en oars mar oan dy grutte aksje fan 1959, doe’t der hast in ton ophelle waard om it Coulonhûs te ferbouwen. Meidwaan yn Fryslân. Dêr is noch in reden foar. Yn guon boeken lês ik dat de Fryske Akademy himsels sjoch as opfolger fan de universiteit/akademy fan Frjentsjer. Dat is no mei de nije Alfde Fakulteit fan de Universiteit fan Grins yn Ljouwert net mear fanselssprekkend. De FA moat neitinke oer it eigen plak yn de Fryske mienskip. Dêr hearre de kontakten mei de hegeskoallen en universiteit by. De Fryske Akademy moat dat plak fan eartiids werom ha, mar wol yn ús eigentiidske Fryske wrâld. Dat moatte ynterim direkteur en aansten in nije direkteur beskreppe kinne.

Foto © Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 22 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 25, 2018 08:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Eric septimber 25, 12:42

    It jild dat de Fryske Akademy kriget, is net yndeksearre. Dus, as leanen en oare kosteposten wat omheech geane, giet it jild dat de FA kriget net mei omheech. Nei ferrin fan tiid komme jo dan yn de problemen, los fan it funksjonearjen fan direkteuren. Stel dy mar foar dat dyn lean altyd itselde bliuwt mar de hier en oare prizen geane wol omheech. En K. de Vries hat de opgeande tiid mei hân; doe waard it gasjild ferjubele en waard Nederlân rap riker en krige elkenien mear. Mar yn sa’n tiid libje wy no net mear. Boppedat hawwe de geasteswittenskippen hast gjin status mear omdat se gjin relaasje mei de ekonomy of it materiële hawwe.

  2. Jabik Jans septimber 26, 10:28

    Ik wie stiper, mar ik haw it opsein: It Beaken is in Hollânsktalige útjefte wurden. Dan hoecht it foar my net mear.

  3. Pieter van der Plank septimber 26, 13:19

    Yn it Akademybestjoer fan omtrint 1980 wie in mearderhyd dy’t miende dat it ‘folksaardige’ karakter fan de wittenskipsbeoefening yn Fryslân syn tiid wol hân hie. De Akademy moast yn’e takomst stribjen nei in folweardich plak tusken de Nederlânske universiteiten. Dat bestjutte de relaasjes mei dy-en fuortsterkje troch besûndere learstuollen. En jin presintearje yn ynternasjonale kongressen, earder as yn ferienings en yn doarpshúzen. Dêrom soene de sneupers en har ‘wurkferbannen’ op in sêft sin set wurde moatte. In ‘folksman’ as Klaas de Vries wie út’e tiid en moast opfolge wurde troch in echte wittenskipper. Dat geschiedde …. en it risseltaat leit no foar ús. Men hâldt de tiid net tsjin mar ynstee fan of-of hie it better en-en wêze kinnen. ‘Ferbinen’ wie it wichtige wurd dat doe skrast waard. In nije diskusje soe yn elk gefal ris weromgripe moatte op al dy selsoerskattende opmerkings fan fjirtich jier lyn oer taak en funksje fan in regionale akademy, dy’t lykwols net mear regionaal wêze mocht.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.