Dûbelkonsert yn Lekkum

septimber 28, 2018 10:38 Fernijd

Freed 5 oktober wurdt yn Lekkum in breed tagonlik konsert jûn troch it trio Olivetti en it duo I Duo Cognati.

Olivetti bestiet út de sjongers Baukje Hoogstins, Janny Kok en Roelof Veldhuizen. Dy wurde begelaat troch pianist Oeds Wijnsma. Dat ensemble hat ûnderwilens al aardich wat bekenheid opdien mei fraaie Nederlânsktalige lietjes lykas dy fan Drs. P.: ‘Heen en weer’, ‘De commensaal’; en van Ramses Shaffy: ‘Sammy’, ‘Laat me’, ‘’t Is stil in Amsterdam’.

I Duo Cognati wurdt foarme troch de sweagers Johan Siemensma, piano en Marcel Prins, fioele. Sy bringe ûnder mear Jiddyske en sigeunermuzyk en licht klassyk en romantysk wurk.

It konsert is yn de Ceciliatsjerke yn Lekkum. It begjint om 20.00 oere. Yntree € 5,00

septimber 28, 2018 10:38 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.