Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (34)

septimber 22, 2018 07:00 Fernijd

De sike geast en syn geweld

Oarekant de mar komme wy oan yn ’e streek fan ’e Gadarenen, dêr’t se noch de duvels fan oarloch en macht oanbidde. Ik bin amperoan fan it skip ôf of der komt in man op my ôf út ’e grêfhoalen dêr’t er tahâldt. Syn libben is in fjildslach en in slachfjild. Hy hat gjin klean oan en gjinien kin him bine. Altyd brekt er los en slacht by de deaden, de tinkstiennen en de stiennen oantinkens om. Soms slacht er himsels mei swurden of stiennen en yt er dagenlang neat en dan wer fierstente folle.

De sike by Gadara

De sike geast draaft op my ôf, knibbelet foar my del en âlet:
“Kristus, Soan fan ’e alderheechste God, wat moatte Jo fan my? Ik beswar Jo by God, doch my net sear!”
Want ik hie tsjin him sein: “Kweageast, gean út dizze man wei.”
“Hoe hjitsto”, freegje ik.
“Myn namme is Legioen”, seit er, “want wy binne manmachtich.”
En hy stiet derop oan dat ik him net út ’e grêfhoalen weireagje sil.

Op in greide fan ’e berch is in keppel bargen oan it weidzjen.
“Stjoer ús nei dy bargen”, freget Legioen, “dan kinne wy by har ynlûke.”
Dat stean ik har ta. De oarlochs- en oare duvels fleane út ’e man wei en nimme de bargen yn besit, likernôch twatûzen. En de bargen stowe fan ’e greide ôf, by de skeante del, en de mar yn, dêr’t se yn it wetter fersûpe.

De bargehoeders spylje de wyk en krantsje it om yn ’e stêd en op it lân. In protte minsken komme om te sjen wat der bard is en sjogge de man dy’t geastessiik wie, as learling oan myn fuotten sitten. Hy hat no klean oan, hy is by syn ferstân en der is frede yn him. De lju wurde der bang fan. De manlju dy’t alles sjoen hawwe, fertelle wat der bard is. Dan wurde de lju noch banger en sizze dat ik út har lân weigean moat.

As ik yn ’e boat stap, freget de man dy’t geastessiik wie oft er mei my gean mei. Dat stean ik him net ta, mar ik jou him as opdracht:
“Gean nei hûs ta en fertel elkenien wat God foar dy dien hat en hoe goed as Hy foar dy west hat.”
Dan giet er fuort en makket rûnom yn it Tsienstêdelân bekend hoefolle goeds as ik foar him dien haw.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
septimber 22, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.