Behearsking Frysk justjes ferbettere

septimber 5, 2018 06:06

Ynwenners fan Fryslân binne de ôfrûne trije jier better wurden yn de Fryske taal. Dat blykt út ûndersyk. De persintaazjes minsken dy’t Frysk prate, lêze en skriuwe kinne, binne justjes tanommen. It skriuwen is de feardichheid dy’t it measte ferbettere is.

Der binne hieltyd mear minsken dy’t út oare parten fan Nederlân nei Fryslân ferhúzje, en hieltyd mear bern groeie op yn in mingde taalhúshâlding. Saakkundigen tochten dat it Frysk dêr bot fan te lijen ha soe, mar dat blykt oars. It Frysk hat yn ‘e húshâlding wol in minder sterke rol, mar dat hat net laat ta in achterútgong fan de taalbehearsking, sizze de ûndersikers. Meartalichheid is gjin neidiel foar it Frysk.

De survey ‘Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje’ toant oan dat sûnt 1969 de behearsking bot ôfnaam is, mar sûnt 1984 bliuwt dy aardich konstant, útsein it Frysk skriuwen, dat tanaam is. Dat soe komme kinne trochdat Friezen harren taal net allinnich mear as sprektaal sjogge. It Frysk wurdt ek brûkt foar digitale kommunikaasjemiddels as SMS en WhatsApp.

Mear ûnderwiis yn it Frysk

De ûndersikers fan de Fryske Akademy dogge oanbefellings foar it ûnderwiis en de oerheid. Frysk skriuwen moat in fêst plak krije yn basis- en heger ûnderwiis. In soad minsken ha yn it ûndersyk oanjûn dat se it spitich fine dat se allinne mar koarte, sprektaalachtige berjochtjes skriuwe kinne. De provinsje wol dêrom mear ûnderwiis yn it Frysk.

“It is wol posityf dat der in gruttere belangstelling is foar it Fryskskriuwen”, seit deputearre Sietske Poepjes. It falt har op dat út it ûndersyk blykt dat de sosjale status fan it Frysk wichtich is. De taal moat net allinnich thús sprutsen wurde, mar ek yn in profesjoneel fermidden. “At jo Frysk prate wolle mei oerheidsynstânsjes, dan moatte jo je net hoege te ferbrekken”, seit Poepjes.

Boarne: Omrop Fryslân

septimber 5, 2018 06:06
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. Abe septimber 5, 10:28

    De behearsking fan it Frysk is net justjes ferbettere; wat mear respondinten as eartiids TINKE dat se Frysk skriuwe kinne. It ûndersyk is net goed te ferlykjen mei eardere ûndersiken troch it brûken fan oare metoades. Mar as ItNijs mei alle geweld konklúdearje wol dat de behearsking fan it Frysk justjes tanommen is, dan mei dat yn dizze feel good simmer fansels. Mar mei de werklikheid hat soks neat út te stean.

  2. Geart van der Meer septimber 5, 11:45

    Dat hjit ‘Zweckoptimismus’ bij de Dútsers – ik leau der gjin bliksem fan. It Frysk is op stjerren nei dea, en hoe kin it ek oars: twa talen behearskje op gelikens nivo is foar in individu mooglik, mar net foar in hele taalmienskip. Wat de minsken tinke dat ‘Frysk’ is, is sa beroerd as wat – mar se beseffe it sels net, want se kenne de standert net – en no ja, dy standert, dêr falt ek noch wol wat op te sizzen. Trouwens – om mei minister Blok te sprekken – ik ken gjin suksesfolle multilinguistike ‘samenleving’ – nee, ik ken ze niet …

  3. Snarf septimber 5, 16:24

    Net sa somberje mannen!! De jongerein appt om it keven yn it Frysk; ek al is it meastal fonetysk Frysk. De takomstige learkrêften sille it oppakke moatte en der binne de learare-opliedingen drok mei dwaande!! Wy kinne net fan de flier op solder springe hearen!!

  4. Snarf septimber 5, 16:25

    Keven moat leven wêze fansels!!

  5. Jaap septimber 5, 21:15

    My tinkt dat Abe en Geart it gelyk oan har kant ha. Mei hoefolle bern kin Omrop Fryslân hjoed-de-dei noch Frysk prate? Dêr leit de grutste delgong en dan hawwe wy it noch net iens oer it Frysk dat der troch de grutten brûkt wurdt. Frjemd dat de befiningen fan de wittenskippers sa fier ôf stiet fan wat je om je hinne opheine.

  6. B septimber 6, 07:21

    Keeping up appearances ?

  7. Abe septimber 6, 11:40

    De Steatekommisje Frysk hat krekt besletten dat syn gearkomsten tenei net mear iepenbier wêze sille. Want dat is ,,effisjinter”. Ik tink dat se bedoele dat de gjin frije parse oanwêzich wêze mei by it amtlik ferkeapjen fan ditsoarte ,,ûndersiken” oan ús keazen folksfertsjintwurdigers. Immen in oare útlis?

  8. Cor Jousma septimber 7, 13:48

    Juster foar SisTsiis struibrieven útdield by feesten yn Dokkum. Oer it generaal goede petearen oer Frysk op skoalle. In juffer fertelde oer de nije lesmetoade op oantrún fan de feroarjende oanpak fan de Provinsje. SisTsiis moat mar moai wat troch wurkje yn Dokkum en yn de takomst.

  9. Jehannes Elzinga septimber 7, 15:07

    Ik wie der mei û.o. Cor Jousma juster ek by om struibrieven rûn te parten by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum.. Ûndanks it minne waar woene de measte minsken ús boadskip oer better Frysk ûnderwiis graach oanhearre It foel my op hoe posityf de measte Dokkummers foar it Frysk oer steane en mei ús fine dat bern jocht hawwe op better Frysk ûnderwiis.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*