‘100% leven’; libbenslessen fan hûndertplussers
Resint ferskynd
Mear as tweintich hûndertplussers, mei elk goed in iuw oan libbensûnderfining, diele yn it boek 100% leven harren libbenslessen: “Nea kleie, mar trochsette en dwaande wêze”, “Minsken akseptearje sa’t se binne” en “As men teloarstellings meimakket, stek se yn in bûsdoek en smyt se fuort.” Mei leafde en respekt binne se ynterviewd troch Yvonne Witter en portrettearre troch Claudia Kamergorodski.
Oerlanging boek op 50PlusBeurs
Op sneon 22 septimber wurdt it boek útrikt op de 50PlusBeurs yn de Jierbeurs Utert. In oantal hûndertplussers dy’t yn it boek portrettearre binne, sille dêrby oanwêzich wêze. De presintaasje sil wêze om 14.30 oere hinne op it poadium fan Omrop Max yn Hal 10.
Oer Yvonne Witter
As sosjaal-gerontolooch rjochtet auteur Yvonne Witter har oandacht op de âlder wurdende minske. Wenjen, wolwêzen en soarch foar âlderein rinne as reade tried troch har karriêre. Hja is adviseur by Aedes-Actiz Kennissintrum Wenjen-Soarch en hâldt har op it stuit dwaande mei tema’s as demintens, iensumens, boargerinisjativen en ynnovaasjes yn wenjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje