Ynvestearders kleie Elon Musk en Tesla oan

augustus 12, 2018 09:13

Tesla S mei autopiloatfunksje (foto: Wikipedia/Jusdafax)

Ferskate ynvestearders hawwe sakeman Elon Musk en syn bedriuw Tesla oanklage. De reden is it Twitterberjocht dêr’t Musk ôfrûne wike yn sei dat er oerwaacht om Tesla fan de beurs te heljen. De easkers neame dy tweet falsk en misliedend. It boadskip dat Elon Musk oerwaach om syn elektryske-autobedriuw foar 420 dollar it oandiel fan de beurs te heljen, late ta kommoasje op Wall Street, dêr’t de koers fan it oandiel Tesla omheech skeat.

De easkers sprekke ek fan in “kearnoanfal” dy’t bedoeld wie om minsken dy’t spekulearje op it sakjen fan de koersen út te skeakeljen. Se sizze ek dat de útlittings fan Musk de priis fan it oandiel Tesla keunstmjittich omheech dreaun hat en dat er dêrmei de federale beurswetten oertrêde hat. In protte fan de koerswinst is lykwols alwer ferdampt, ek nei’t de beurswaakhûn SEC in ûndersyk oankundige hie. It oandiel Tesla sleat freed trije dollar heger op 355,49 dollar.

augustus 12, 2018 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.