Ynformaasjejûn ‘Turks Fruit’ – Iepenloftspul Dronryp

augustus 28, 2018 08:37

Yn 2019 bringt Iepenloftspul Dronryp de klassiker ‘Turks Fruit’ op ’e planken. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes. Dy sil tongersdei 27 septimber ynformaasje jaan oer de foarstelling. Der wurdt ûnder oare djipper yngien op de rollen en it ferhaal. Opjaan foar de audysjes yn oktober kin dan ek. Dat jildt ek foar meiwurkers efter de skermen. Der is ferlet fan meiwurkers foar bygelyks de bouploech, katering en kommisjewurk.

Turks Fruit
Turks Fruit is in nij stik en basearre op Jan Wolkers’ boek mei deselde namme en de suksesfolste Nederlânske bioskoopfilm, regisearre troch Paul Verhoeven. It is in oangripend ferhaal oer de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en Olga dy’t oan de gefolgen fan in harsentumor komt te stjerren. Yn Turks Fruit wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea, passy en hertstocht inoar ôf. Fierder sil yn it iepenloftspul sang en live muzyk in belangrike rol spylje. De oersetting en bewurking binne fan Dick Jansen.

Audysje
Op sneon 13 oktober binne de audysjes foar de minsken dy’t har opjûn hawwe.

De ynformaasjejûn op tongersdei 27 septimber is yn kafee de Posthoorn, Brêgebuorren  10, Dronryp en begjint om 20.30 oere . 

augustus 28, 2018 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.