WK Frysk Damjen 2018

augustus 4, 2018 07:21

Utslaggen 3 augustus 2018

Oranjeseal yn it Ljouwerter stedhûs (foto © Stifting WFD)

Wiersma – Wijbenga : 1-0
Tijssen – Kooistra : 0-1
Tiemensma – F. Wiersma : 1-0
Ivanchuk – Walinga : 0-1
Jansen – Ndjofang : kamp
Braye – Georgiev: 0-1
Groenveld – Křišta : 1-0
Zhou  – De Vries : 0-1

Walinga – J. Wiersma : 0-1
Kooistra – Groenveld : kamp
Georgiev – Tiemensma : kamp
De Vries – Jansen : kamp
Ndjofang – Tijssen : 1-0
Wijbenga – Braye : 1-0
Wiersma – Zhou : 1-0
Krista – Ivanchuk : 0-1

Tuskenstân
Jelle Wiersma 2 punten
2-7 Tiemensma, Kooistra, Groenveld, Georgiev, De Vries, Ndjofang 1,5 punt
8-12 Walinga, Jansen, Wijbenga, Fedde Wiersma, Ivanchuk 1 punt
13-16 Tijssen, Braye, Krista, Zhou 0 punten

De earste oerwinning wie foar ien fan ’e favoriten, Teake Kooistra út Hartwert. Syn tsjinstanner Tijssen keas foar in lestich spul, en naam dêr in ferkearde ôfslach yn. Kooistra stie rillegau trije houten foar, dat fierder spyljen hie doe gjin doel mear.
De twadde oerwinning wie foar Folkert Groenveld. Syn Tsjechyske tsjinstanner Křišta boude yn prinsipe goed op, mar kaam op in stuit dochs minder te stean. Groenveld fierde de druk op en helle sa it spul nei him ta.
Nei in spannende striid koe Jelle Wiersma winne fan Wijbenga. De partij siet stiiffol drigingen oan wjerskanten. Op in stuit besette Wijbenga krekt wat te hastich de midden. Wiersma koe syn hout fêstsette, en dêrnei brûke foar in driging dêr’t gjin ferwin op wie.
Ivanchuk naam, sa’t wy it ek fan him wend binne, in protte tiid foar de iepening yn syn spul tsjin Walinga. Der kaam in lestich spul op it boerd. Ivanchuk bedarre yn tiidneed, mar koe dochs hieltyd wer fierder, oant Walinga it spul mei in kombinaasje útmakke.
Braye en Georgiev holden inoar lang yn it lykwicht. Doe’t der net folle hout mear op it boerd stie, slagge it Georgiev om krekt de goeie plakken yn te nimmen en boppedat gâns tempo te winnen. Sadwaande hie Braye op it lêst gjin setten mear.
Foar de jonge Italiaanske Zhou wie it klauwen tsjin De Vries. Hy koe him lang steande hâlde, mar syn stân waard njonkenlytsen hieltyd minder. Op in stuit koe er net oars as efterkomme, en koart dêrnei makke De Vries it spul ienfâldich út.
Tiemensa en Fedde Wiersma spilen in klassyk kantspul. Dêryn krige Wiersma op it lêst in nuodlik hout yn ’e midden. Dêrtroch koe Tiemensma in hout foarkomme, en eefkes letter syn earste punt opstrike.
Njdofang en Jansen hiene in spul dat lang lykom gie, al wiene der fan wjerskanten hieltyd wol drigingen. Op it lêst koene se allebeide trochbrekke, en waard it spul kamp.

Earste set troch deputearre Michiel Schrier (foto © Stifting WFD)

Yn ’e twadde omloop makke Braye al rillegau in rare flater tsjin Wijbenga, dat dy partij kaam net fierder as de iepening. Dat betsjut dat Braye moarn op papier wat lichter tsjinstanners kriget, dat wa wit komt er dan fan ’e 0 ôf.
Wiersma en Zhou hiene ek net lang wurk. Zhou sette it spul út 0e iepening wei net goed op, en al rillegau hie Wiersma in foarsprong fan mar leafst trije houten. Zhou focht noch in set troch, mar moast by einsluten de hân jaan.
Ndjofang en Tijssen spilen in prachtspul, dat skerp by it rântsje lâns gie. Ferskate kearen besocht Tijssen om syn tsjinstanner te ferlieden ta in útglider, mar dy joech gjin krimp. Op it lêst hiene beide spilers kânsen om troch te brekken, mar doe ferseach Tijssen him en koe Ndjofang mei in heakje in wolf en foardiel helje.
Kooistra en Groenveld spilen in klassyk kantspul, dat útrûn op in einspul mei daamdrigingen oan alle kanten. Op it lêst slagge it Groenveld en helje in wolf, en doe koe Kooistra net oars as der kamp fan meitsje.
Alhiel oars ferrûn it spul fan Walinga en J. Wiersma. Beide mannen sochten mei sin in dreech spultype op mei net te min komplikaasjes, en sleaten it middenspul ôf mei in pear ruilen dy’t in einspul opsmieten dat Walinga faaks krekt wat mear streek joech. Dy begûn lykwols djip nei te tinken en ergere alhielendal net dat syn tiid gjin skoft hold. Doe´t er dat al yn ’e gaten krige, wied er krekt ien tel te let …

Ivanchuk en Krista lieten sjen, dat wy sa stadichjesoan de spilers fan bûten Fryslân net folle mear hoege te learen. De mannen spilen in poerbêst spul en makken it harsels en de tsjinstanner net maklik. Op it lêst fersinde de Tsjech him krekt eefkes, en sa gie de punt nei de Ivanchuk ta.
Deselde les wie der te heljen út de wedstriid fan Tiemensma en Georgiev. Beide makken se it inoar en harsels dreech genôch. Op it lêst koe Georgiev himsels kânsen jaan mei in lyts setsje, mar mei’t der net folle tiid mear wie om de bêste fuortsetting te sykjen, einige it spul yn kamp.
It duel fan Jansen en De Vries wie ek folslein lykweardich, mei miskien wol in justjes bettere stân foar Jansen. Beide hiene in sterke oanfal, en beide hellen in wolf. Al hie Hein de Vries in houtsje mear, it spul waard kamp.

Sjoch ek www.frisiandraughts.com

 

augustus 4, 2018 07:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.