WK Frysk damjen 2018 (8)

augustus 11, 2018 12:07

De fjouwer finalisten f.l.n.r. Jelle Wiersma (tredde), Marten Walinga (kampioen), Alexander Georgiev (twadde), Foeke Tiemensma (fjirde). Op ’e eftergrûn: de organisatoaren Liuwe Westra en Herbert Tulleken

10 augustus 2018

Dwers troch alles hinne wie it spul fan Georgiev en Wiersma. Ut ’e iepening wei sette Wiersma in nuodlike skiif yn ’e midden, faaks om op te kearen dat Georgiev ôfwikkelje soe nei in al te bot útkôge kantspul. Op in gegeven stuit joech hy dy skiif (mei noch ien) foar in wolf, dy’t Georgiev wer fange koe foar twa houten. No wie de stân wer yn ’t lyk, al hie it der wol fan dat de wite houten wat wiffer stiene. Wiersma keas lykwols op ’en nij foar besetten fan ’e midden, dêr’t er de lofter kant fan Georgiev mei fêst like te setten en in kânsrike oanfal op ’e oare kant oer like te hâlden. Mar Georgiev hie noch in bjusterbaarlik fyn ynlein slachje foar him yn ’t fet. Wylst Wiersma syn oanfal tarette, joech er ynienen in wolf, dy’t fuort slaan moast. Hy moast ek noch kieze út twa fjilden, mar beide kearen naam wyt mei in plakker de wolf en twa houten wer ôf, en dan stie er altyd op winst. Frysk damjen op syn moaist!

Justjes minder bolbjirken wie it spul fan Tiemensma en Walinga. De beide mannen woene nei alle gedachten beleaven gjin punten mear ferlieze. De stân bleau hieltiten yn it lykwicht, al soe nei alle gedachten de lytste flater fataal wurde. Dat flaterke waard lykwols net makke (of net fûn), en der folge in feardige ôfruil, en it einspul begûn mei krekt wat mear tempo foar Tiemensma. Yn it alderlêst keas Walinga, nei alle gedachten terjochte, foar in ôfwikkeling nei kamp.

De middeis like Wiersma in sa dreech mooglike iepening te kiezen. Dy rûn út op in daamset foar Georgiev. De wolf wie wer te fangen mei sels in houtsje foar, mar dat houtsje gie ek wer ferlern, lykwols op kosten fan Wiersma syn stân. No wist Georgiev it wol, en nei in pear setten kaam der in fiif setten djippe slachset op it boerd, dy’t Wiersma in hout en it spul koste. Dêrmei wiene syn kânsen op it kampioenskip foarby.

Finale
5e omloop
Alexander Georgiev (Petersburg) – Jelle Wiersma (Wommels): 1-0
Marten Walinga (Waaksens) – Foeke Tiemensma (Frjentsjer): kamp

6e omloop
Jelle Wiersma – Alexander Georgiev: 0-1
Foeke Tiemensma – Marten Walinga: 1-0
Barrage: Georgiev – Walinga: 0-1

Wrâldkampioen: Marten Walinga, Waaksens
2  Alexander Georgiev (3,5 punten yn de finale)
3  Jelle Wiersma (3 punten)
4  Foeke Tiemensma (2 punten)

Utslach Italjaansk damjen
1          Davide Zhou (IT)       6,5
2-3       Filip Kareta (CZ), Jiri Sysel   5,5 (CZ)
4-5       Cantatore (IT), Zappia (IT)    5
6-9       Davide Tamborin (IT), Vaclav Krista (CZ), Auke Zylstra (NL), Jan Adema (NL)   4,5
10-13   Vasyl Ivanchuk (OEK), Renaud Braye (BE), Hans Jansen (NL), Lumir Gatnar (CZ)    4
14-15   Jean Marc Ndjofang (KAM), Piet Leijenaar (NL)    3,5
16        Jappie de Jong (NL) 2
17        Peter Michaelsen (DK) 1,5

Teams
Itaalje (Zhou, Cantatore, Zappia, Tamborin) 21 : 4 = 5,4
Tsjechie (Kareta, Sysel, Krista, Ivanchuk) 23,5 : 5 = 4,7
Ynternasjonaal (Adema, Braye, Jansen, Ndjofang) 6 : 4 = 4
Fryslân (Zijlstra, Leijenaar, De Jong, Michaelsen) 11,5 : 4 = 2,875

Utslach FRYSK!
1-2 Groenveld, T. Kooistra 7 p.   2 barrages: 1,5 – 0,5 foar Kooistra tickets foar WK FRYSK! 2019
3          De Vries   5,5
4-5      Van der Meer, Dykstra       5
6-10    Zhou, Braye, De Jong, Sysel, Heslinga 4,5
11-15  Wijbenga, Kareta, Tamborin, Cantatore, Ivanchuk 4
16-19  C. Kooistra, Krista, Ndjofang, Gatnar 3,5
20       Jansen 3
21-22  Wolthers, Zappia 2,5
23       Namminga 2

Team Tsjechië: Ivanchuk, Krista, Gatnar, Sysel, Kareta : 18,5 : 5 = 3,7
Team Italië: Zhou, Tamborin, Cantatore, Zappia 15 : 4 = 3,75
Team ynternasjonaal: Heslinga, Jansen, Braye, Ndjofang 15,5 : 4 = 3,875 3e priis
Team Hartwert: Namminga, T. Kooistra, De Vries, Wijbenga 18,5 : 4 = 4,625 2e priis
Team Skearnegoutum: Groenveld, C. Kooistra, De Jong, Dykstra, Van der Meer 25 : 5 = 5 – earste priis

augustus 11, 2018 12:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.