WK Frysk damjen 2018 (7)

augustus 10, 2018 13:11

Foto: Stifting WFD – f.l.n.rj.: Marten Walinga, Alexander Georgiev, Foeke Tiemensma, Jelle Wiersma

Tongersdei 9 augustus

Wiersma sette syn oerwinningstocht fan juster fuort. Doe’t Walinga mei ien houtsje wat oan like te fallen op Wiersma syn lange hoeke, koe er it sa stjoere dat der in daamsetsje yn kaam dat net mear te kearen wie. De daam koe fongen wurde mei lyk hout, mar doe stiene de swarte houten wol ferkeard.

Op it oare boerd moast Tiemensma syn tredde ferlies nimme tsjin Georgiev. Op ’en nij kaam der in spul op it boerd dêr’t beide kanten yn oanfoelen op de oare syn lange hoeke. Mar Georgiev sette it spul sa op dat Tiemensma fêst kaam te stean, en makke it spul mei wisse hân út.

Middeis spile Wiersma wakker in klassyk spul tsjin Walinga. Dat bleau lang yn it lykwicht, oan it einspul ta. Doe´t der noch mar acht houten op it boerd stiene, joech Wiersma mei in rare flater it spul alhiel wei.

It slagge Tiemensma foar wûnder om nei trije tebeksetters de kop wer by it spul te skuorren. Hy begun oan in knap opsetten revansj tsjin Georgiev, en koe him op it lêst twinge om in pear ûnfoardielige foarposten yn te nimmen. Dêr makke er op in sterke manier gebrûk fan, mar it einspul fan ien wolf (Georgiev) tsjin trije houten waard krekt op ´e set ôf kamp.

Finale, 3e omloop

Marten Walinga (Waaksens) – Jelle Wiersma (Wommels): 0-1
Foeke Tiemensma (Frjentsjer) – Alexander Georgiev (Petersburg): 0-1

4e omloop

Wiersma – Walinga: 0-1
Georgiev – Tiemensma: kamp

Tuskenstan

Wiersma en Walinga: 3 punten
Georgiev: 1,5 punt
Tiemensma: 0,5 punt

Utslach Italjaansk damjen

1          Davide Zhou (IT) 6,5
2-3       Filip Kareta (CZ), Jiri Sysel 5,5 (CZ)
4-5       Cantatore (IT), Zappia (IT) 5
6-9       Davide Tamborin (IT), Vaclav Krista (CZ), Auke Zylstra (NL), Jan Adema (NL) 4,5
10-13   Vasyl Ivanchuk (OEK), Renaud Braye (BE), Hans Jansen (NL), Lumir Gatnar (CZ) 4
14-15   Jean Marc Ndjofang (KAM), Piet Leijenaar (NL) 3,5
16        Jappie de Jong (NL) 2
17        Peter Michaelsen (DK) 1,5

Teams
Italië (Zhou, Cantatore, Zappia, Tamborin) 21 : 4 = 5,4
Tsjechië (Kareta, Sysel, Krista, Ivanchuk) 23,5 : 5 = 4,7
Ynternasjonaal (Adema, Braye, Jansen, Ndjofang) 16 : 4 = 4
Fryslân (Zijlstra, Leijenaar, De Jong, Michaelsen) 11,5 : 4 = 2,875

augustus 10, 2018 13:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.