WK Frysk damjen 2018 (6)

augustus 9, 2018 19:32

Marten Walinga – foto: Stichting WFD

Woansdei 8 augustus

1e omloop:
Alexander Georgiev (Petersburg) – Marten Walinga (Waaksens): 0-1
Jelle Wiersma (Wommels) – Foeke Tiemensma (Frjentsjer): 1-0

2e omloop:
Walinga – Georgiev: 1-0
Tiemensma – Wiersma: 0-1

Georgiev – Walinga: skitterjende partij, wêryn’t Walinga yn it middenspul syn tsjinstanner krekt wat út it lead spylje koe. Dat lytse foardiel waard prachtich benut en resultearre yn winst.

 

Jelle Wiersma foto: Stichting WFD

Wiersma – Tiemensma: Wiersma sette in bjusterbaarlike foarpost op 22, dy’t troch Tiemensma sadanich omruile waard dat der in sterke oanfal ûntstie. Dêr brûkte er betûft in pear sintrumskiven by. Dy waarden doe wer it doel fan in oanfal fan Wiersma, dêr’t it ferbân wat trochferlern gie. Dêrnei frissele Wiersma in feninige kombinaasje yn de stelling, dy’t de partij besliste.

Walinga – Georgiev: Georgiev naam dúdlik mear risiko as yn de foargeande partijen. Beide spilers setten alles yn op in oanfal op de dûbele hoeke. Ynienen kaam Walinga syn tsjinstanner lykwols oer it mad mei in prachtige daamset, dy’t goed wie foar winst.

Tiemensma – Wiersma: Nei in yngewikkelde iepening offere Tiemensma in skiif dy’t maklik werom te winnen like. Hy seach lykwols in gemene plakker oer de holle, dy’t minimaal skiifwinst oplevere foar swart, en joech op.

Tuskenstân
Marten Walinga en Jelle Wiersma: 2 punten
Alexander Georgiev en Foeke Tiemensma: 0 punten

Tongersdei 9 augustus

3e omloop:
Walinga – Wiersma
Tiemensma – Georgiev

4e omloop:
Wiersma – Walinga
Georgiev – Tiemensma

Results Open Tournament Czech Draughts

1    Filip Kareta (Cz)    6,5
2-3    Jiří Sysel (Cz)        6
Václav Křišta (Cz)
4    Elia Cantatore (It)    5
5-6    Jean Marc Ndjofang (Kam)    4,5
Hans Jansen (Nl)
7-8    Jan Adema (Nl)    4
Renaud Braye (Nl)
9    Davide Tamborin (It)    3,5
10-11    Francesco Zappia (It)    3
Lumír Gatnar (Cz)
12    Davide Zhou (It)    2,5
13    Vasyl Ivanchuk (It)    2
14    Herbert Tulleken (It)    1,5

team Czech Republic (Kareta, Sysel, Křišta, Gatnar, Ivanchuk): average of 23,5 : 5 = 4,28
team Italy (Cantatore, Tamborin, Zappia, Zhou): average of 14 : 4 = 3,5
team International (Ndjofang, Jansen, Adema, Braye): average of 17 : 4 = 4,25

augustus 9, 2018 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.