WK Frysk damjen 2018 (5)

augustus 8, 2018 06:34

Foto: Stifting WFD – earst pleatst: Alexander Georgiev mei 6,5 punt

Utslaggen 7 augustus

Hjoed wiene der foar it earst yn it hiele toernoai spullen binnen de twa oeren út. Wijbenga liet syn tsjinstanner yn in klassike iepeningskombinaasje rinne, de saneamde Tytsma-set. It aaklike fan dat setsje is, dat de bêste set foar swart (yn dizze stân 1-7) net goed liket troch in daamset fan wyt – mar dy daam kin mei foardiel wer fongen wurde. It feilich eagjende 4-10 lykwols jout fuortendaliks ferlies – en sa kaam it.

Jelle Wiersma en Braye wiene ek gaueftich klear mei harren spul. Braye die krekt wat te gefaaarlik út ’e iepening wei, en doe koe Wiersma moai ienfâldich it spul nei syn hân sette en winne.
Dêrnei wie fûn Tijssen master thús yn it spul tsjin Georgiev. Nei in standertiepening koe Georgiev in oermacht opbouwe op syn koarte kant, en dêr friet er Tijssen saakkundich op.
Fedde Wiersma kaam net goed út ’e iepening tsjin Groenveld, dy’t net op ’e nocht de namme hat in earsten kenner te wêzen op dat mêd. Groenveld molk syn foardiel sûnder moederaasje út, en op it lêst hie syn tsjinstanner gjin setten mear oer.

Kooistra en Ndjofang spilen in wyt spul, dêr’t Kooistra syn ûnderfining mei it kombinaasjespul optimaal yn brûke koe. Earst liet er it sa skine as koe Ndjofang in moaie ôfruil dochs net nimme fanwegen in driging, mar dy driging soe yn werklikheid útrinne op foardiel foar Ndjofang. Dy seach dat lykwols net (de hiele setterige wie in goed seis setten djip) en keas sadwaande in nuodliker fuortsetting. No koe Kooistra al in kanthout fan Ndjofang oanfalle, en dy moast mei in ruiltsje ferdigenje en keas dêrby de ferkearde slach. Dêrnei folge in blyn setsje dat Ndjofang op twa hout efterstân brocht, en him yn ’e ûnleech fierde.

Křišta kige ta benijing fan elk yn ‘e iepening een houtsje kado fan Jansen, in saneamde ‘útfanhuzer’ op 10, ynsletten troch 4, 5, 14 en 15. Inkeld yn it Fryske spul komt dat aardichheidsje wolris foar, en Jansen hie it nei ôfrin iepentlik oer in flater. Utsoarte koe dat hout der wol wer wei ruile wurde, mar de foarsprong bleau. Lykwols boude Křišta syn stân net goed op, en Jansen makke tûk gebrûk fan ’e gatten yn ‘e stelling fan syn tsjinstanner. Hy koe trochbrekke mei skiifwinst, en dêrmei wie it út.

Walinga en Tiemensma spilen, sa’t te ferwachtsjen wie, in spul fol fjoerwurk. Yn it foar hie it omsittend laach al útrekkene, by ‘normale’ útslaggen foar Jelle Wiersma, Kooistra en Groenveld (dy’t alle trije yn teory in minder sterke tsjinstanner hiene), soene der hoe dan ek barraazjes spile wurde moatte tusken Groenveld en Kooistra, mar as Tiemensma it wûn fan Walinga, dan soene dy twa har ek noch yn dy striid jaan. En sa kaam it krekt. Walinga joech him tefolle op ’e midden fan it boerd, en al wiene der dan drigingen fan wjerskanten, Tiemensma koe dêr op in treflike manier gebrûk fan meitsje en syn punt opfandelje.
Doe sieten De Vries en Ivanchuk allinnich noch. De Vries gunde Ivanchuk in klassyk kantspul, dêr’t er sels nammers ek wol in bytsje yn thús is, en dat waard ek wer spannend. Ivanchuk makke lykwols gjin flaters mear, en koe it einspul fan syn wolf tsjin de wolf en it houtsje fan De Vries útrinne litte op in fertsjinne kamp.

Barraazjes

Omloop 1
Tiemensma – Groenveld: in spul dat jin de siken benaam, mar njonkenlytsen waard dúdlik dat Tiemensma better komme soe te stean. Mei noch mar in lyts bytsje tiid makke hy de partij mei wisse hân út.

Kooistra – Walinga: swart krige justjes in neidiel yn syn stân, en Kooistra makke dêr tûk gebrûk fan. Nei it middenspul joech er de winst net mear út hannen.

Omloop 2
Tiemensma – Kooistra: yn ’e twadde omloop wiene alle spilers gâns hoedener, dat it kaam út op klassike einspultsjes mei elk in pear houten oan wjerskanten. Tiemensma koe Kooistra krekt fêstsette, en spile it spul treflik út.

Groenveld – Walinga: oan it oare boerd hie Walinga de stân krekt eefkes better útrekkene as syn tsjinstanner. Groenveld miende dat er it spul lykhâlde koe, mar moast in houtsje efter talitte. Mei fjouwer tsjin fiif houten siet der neat mear yn, dat Walinga wûn.

Omloop 3
Kooistra – Groenveld: it spul waard moai opset mei drigingen en mooglikheden oan wjerskanten. Op in gegeven stuit hie it derfan dat Kooistgra justjes better stie, mar it spul einige krekt yn kamp.

Walinga – Tiemensma: it spul like in protte op dat op ito are boerd, mar rûn fan it middenspul ôf folslein oars. Walinga naam wakker grutte risiko’s, like it, mar Tiemeensma koe der gjin foardiel út helje. Lang om let ferstriek Tiemensma him, en dêrmei wie it spul yn ien kear út.

Utslaggen – Achtste omloop

Kees Tijssen (Reduzum) – Alexander Georgiev (Rusland): 0-1
Marten Walinga (Waaksens) – Foeke Tiemensma (Frjentsjer): 0-1
Jelle Wiersma (Wommels) – Renaud Braye (Luik): 1-0
Jean Marc Ndjofang (Kameroen) – Taeke Kooistra (Hartwert): 0-1
Fedde Wiersma (Easterein) – Folkert Groenveld (Jutryp): 0-1
Václav Křišta (Tsjechië) – Hans Jansen (Amsterdam): 0-1
Hein de Vries (Ljouwert) – Vasyl Ivanchuk (De Oekraïne): kamp
Tsjerk Wijbenga (Arum) – Davide Zhou (Italië): 1-0

Utslach nei 8 omlopen

1          Georgiev 6,5 punt
2          Jelle Wiersma 6 punten
3-6       Kooistra, Tiemensma, Walinga, Groenveld 5 punten
7-8       Wijbenga, Jansen 4,5 punt
9          De Vries 4 punten
10        Tijssen 3,5 punt
11        Braye 3 punten
12-15   Ndjofang, Ivanchuk, Fedde Wiersma, Křišta 2,5 punten
16        Zhou 2 punten

Barraazjes

Omloop 1
Foeke Tiemensma (Franeker) – Folkert Groenveld (Jutryp): 1-0
Taeke Kooistra (Hartwerd) – Marten Walinga (Waaksens): 1-0

Omloop 2
Tiemensma – Kooistra: 1-0
Groenveld – Walinga: 0-1

Omloop 3
Kooistra – Groenveld: kamp
Walinga – Tiemensma: 1-0

Utslach
1 Walinga 2 punten, 5 wjerstânspunten
2 Tiemensma 2 punten, 4 wjerstânspunten
3 Kooistra  1,5 punt
4 Groenveld 0,5 punt

Finalisten
Alexander Georgiev (Ruslân)
Jelle Wiersma (Wommels)
Marten Walinga (Waaksens)
Foeke Tiemensma (Frjentsjer)

augustus 8, 2018 06:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.