WK Frysk Damjen 2018 (3)

augustus 6, 2018 07:22

Alexander Georgiev wint fan Jelle Wiersma (foto Stifting WFD)

Utslaggen 5 augustus

Fyfde omloop
J. Wiersma – Groenveld: 1-0
Kooistra – Tiemensma: 1-0
De Vries – Georgiev: 0-1
Walinga – Wijbenga: kamp
Jansen – Zhou: 1-0
Křišta – Ndjofang: 0-1
Tijssen – F. Wiersma: 1-0
Ivanchuk – Braye: 0-1

Sechsde omloop
Georgiev – J. Wiersma: 1-0
Walinga – Kooistra: 1-0
Groenveld – Tiemensma: 1-0
Wijbenga – Jansen: 1-0
Ndjofang – De Vries: 0-1
Zhou – Tijssen: 0-1
F. Wiersma – Ivanchuk: 1-0
Křišta – Braye: 0-1

Tuskenstân
1 Georgiev 4,5 punt
2-5 Jelle Wiersma, Kooistra, Walinga, Groenveld 4 punten
6-7 De Vries, Wijbenga  3,5 punt
8-10 Tiemensma, Jansen, Tijssen 3 punten
11-12 Ndjofang, Fedde Wiersma   2,5 punt
13-14 Braye, Zhou 2 punten
15 Křišta 1,5 punt
16 Ivanchuk 1 punt

Fiifde omloop
De acht spullen fan de fiifde omloop waarden allegear saakkundich opset. Earst nei goed twa oeren spyljen kaam der in earste útslach. Davide Zhou makke yn ’e ein fan it middenspul de ferkearde kar, en dêr makke Jansen sûnder skytskoarjen gebrûk fan. Jansen koe trochbrekke en wûn dêrmei it spul.
Rillegau dêrnei wiene Jelle Wiersma en Groenveld ek út. Hja hiene in moai spul mei allegear mooglikheden foar beide kanten. Groenveld keas lykwols foar in ruiltsje tebek, dat it Wiersma mooglik makke in driging op te setten dêr’t gjin ferwin op wie. Nei ôfrin die bliken dat er op dat stuit just in kânsrike oanfal opsette kinnen hie. No wûn Wiersma it spul.
Tijssen hie him nei syn fersin fan juster wer aardich opskerpe tsjin Fedde Wiersma. Hy spile in poerbêst spul, en Wiersma syn stân waard lestiger en lestiger mei hieltyd in pear minne houten yn ’e midden. Tijssen hold de druk derop, en op it lêst wiene der gjin setten mear foar Wiersma.
Braye makke yn it middenspul in flater tsjin Ivanchuk, dat dy kaam in houtsje foar. Mar de stân wie lang net maklik, en it slagge Braye en breidzje der in driging yn, dy’t Ivanchuk oer de kop seach. Braye joech trije houten en sloech nei daam. Doe hie Ivanchuk maklik kamp meitsje kinnen, mar hy seach it net en joech – op ’en nij ta syn eigen ferbaldering nei ôfrin – de hân.
Kooistra en Tiemensma spilen lykas it fan dizze beide mannen te ferwachtsjen wie in slim dreech spul. Kooistra hie it benammen net maklik, mar yn it lêst naam Tiemensma krekt wat te folle risiko en koe Kooistra in dûbelde driging opbouwe dy’t goed wie foar de winst.
De Vries en Georgiev spilen folle deegliker, mar dat wurdt op it lêst fansels ek spannend. Georgiev hold de holle der goed by, en koe druk opbouwe. Der wie ien mooglikheid om kamp te meitsjen, en dy seach De Vries sa gau net, dat hy kaam oan te sitten en moast it spul ferlieze.
Ndjofang en Křišta wiene ek wakker hoeden oan it spyljen, yn in partij dy’t útrûn op in suver klassyk kantspul. Mar Ndjofang wist dat goed út te spyljen en tempowinst te meitsjen, dat Křišta kaam op it lêst hielendal oan te sitten en koe net oars mear as de hân jaan.
As lêste spilen Walinga en Wijbenga in opfallend hoeden spul, mei oars net as opbou by de kant lâns en ruiltsjes oerdwers. Op it lêst joech Walinga in hout mei kâns op trochbrekken, mar Wijbenga koe dat keare en letter it foarlike hout wer wer ophelje troch sels in hout werom te jaan. Hy stie foarliker yn it einspul fan fjouwer om fjouwer, mar koe net keare dat Walinga kamp helle.

Sechsde omloop
Yn de sechsde omloop begûn de wurgens by de net-Fryske spilers dúdlik op te spyljen. Ivanchuk rûn yn in iepeningsslachje tsjin Fedde Wiersma en kaam in hout yn ’t efter. Hy joech fuortendaliks op.
Ndjofang hold it net safolle langer út tsjin De Vries – hy waard ek it slachtoffer fan in setsje út de iepening wei, dat De Vries kaam in hout foar en helle in wolf. Foar Ndjofang wie it spul doe ek wol út.
It spul fan Braye tsjin Křišta begûn wakkere nuet, mar oan it begjin fan it middenspul like Braye suver wat risiko te nimmen. Hy krige in houtsje midden op it boerd, mar it slagge Křišta net om dêr foardiel út te heljen, en nei in skoftke wie der in lykweardich einspul ûntstien. Dêryn ferseach Křišta him krekt eefkes – hy klage al dat it net woe mei de konsintraasje – en Braye makke it spul út mei in lyts setsje.
Walinga en Kooistra begûnen in lestige iepening, dêr’t benammen Walinga in protte tinkwurk foar dwaan moast. It slagge him lykwols en lit Kooistra mei in wyld hout sitte, en dat molk er sûnder moederaasje út. Hy hold syn ein fêst, en op it lêst koe Kooistra net mear keare dat Walinga mei in spektakulêre kombinaasje it spul útmakke.
Zhou begûn bêst genôch tsjin Tijssen, mar koe yn it lette middenspul net rjocht de bêste fuortsetting fine. Tijssen koe de fingers tusken de houten fan syn tsjinstanner krije, en liet doe net mear los. Zhou stried troch oan de lêste streek ta, mar moast by einsluten belies jaan.
Mei spanning waard fansels it spul folge fan Georgiev en Jelle Wiersma. De beide mannen setten in lestich posysjespul op it boerd mei gâns komplikaasjes, en it like as stie Georgiev justjes better. Sa fier kaam it lykwols net, want Wiersma die in efterstreek, en hie oer de holle sjoen dat Georgiev mei syn frije set en in lytse kombinaasje it spul yn ien kear útmeitsje koe.
Wijbenga wie dúdlik yn foarm tsjin Jansen. Hy sette it spul fan it begjin ôf goed op, en Jansen waard hieltiten mear yn ’e flotgerzen twongen. Hy koe op it lêst net oars as in ferlerne stân ynnimme, en Wijbenga fersinde him net mear en fandele kreas syn puntsje op.
It spul fan Groenveld en Tiemensma naam de measte tiid. Beide mannen batsten der mei de hiele hûd yn op de oar syn dûbelde hoeke, wat hast in symmetryske stân opsmiet. Lykwols, Tiemensma ferseach him op it lêst krekt eefkes, en doe koe Groenveld de partij nei him talûke.

Sjoch ek www.frisiandraughts.com

augustus 6, 2018 07:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.