Wittenskippers: hjirwei om seespegelstiging is in reële opsje

augustus 29, 2018 22:15

As part fan in kongres foar jonge wittenskippers hold Universiteit Utert dizze wike, ûnder foarsittersskip fan waarman Peter Kuipers Munneke, in jûngearkomste foar in breed publyk oer effekten fan seespegelstiging. Der kamen sa’n 170 minsken op ôf.

Professor Piet Hoekstra liet sjen dat net allinnich it opkommen fan de seespegel sels troch it teien fan iis en it útsetten fan it wetter mei de oprinnende temperatuer wichtich is, mar likegoed de delgong fan de boaiem op in protte plakken, benammen troch feanoksidaasje by buorkjen mei te lege grûnwetterstannen. De ynfloed fan de minsken spilet rûnom yn de wrâld, mar by ús al hiel lang. Bygelyks de sea-earms yn Seelân binne yn it begjin fan de jiertelling ûntstien troch sâltwinning en it is oannimmlik dat turfwinning bydroegen hat oan it ûnstean fan de Sudersee, sa liet Michiel van der Meulen fan TNO sjen.

De parten fan Nederlân dy’t no al under seenivo lizze binne it  kwetsberst. Boarne: Wikipedia / Jan Arkesteijn

In oannimlike seespegelstiging fan omtrint in meter oan de ein fan dizze iuw sil de Waadsee al oermânsk wurde, om’t der te min sân oanfierd wurdt, sadat skielk tusken de eilannen en de kust in foech atol ûntstean sil. Wy kinne wol besykje mear sân út de Noardsee wei yn it Waadsysteem te bringen, sa ferdútste Bas de Boer fan it Institút foar Marien en Atmosfearysk Undersyk, mar it wurdt in toer om it hieltyd hurder fuortteien fan benammen it Antarktyske iis te kompensearjen. Syn kollega Roderik van de Wal beklamme dat in arbitrêre kar fan it jier 2100 as einpunt fan foarsizzings, lykas wizânsje is, in folslein ferkeard byld jout. Oant dy tiid liket de seespegelstiging fan in meter wol mei te rêden, mar neffens de measte senario’s giet dy dêrnei troch oant wol 5 of 10 meter.

Om’t ûnwis is hoe hurd oft it gean sil, is it de baas om in arsenaal fan mooglike maatregels yn ús arkbak te krijen. Dy wurde op it heden op in rychje set troch Marjolein Haasnoot fan Deltares. Foar elts nivo fan seespegelstiging komme sadwaande skielk maatregels klear te lizzen. Nederlân hat dêr mear sinten foar as de minder ûntwikkele deltagebieten, mar dat jild is te uzes ek nedich om’t we sa’n keunstmjittich lân ha. Bygelyks Bangladesh kin makliker en goedkeaper meibewege mei natuerlike prosessen. Bouwe mei de natuer besykje we hjir ek, mar it hâldt in kear op. Komt yn de arkbak fan Haasnoot dêrom dan ek it ferfarren fan minsken út de leechlizzende dielen fan Nederlân nei hegere oarden, wurdt der frege út de seal. Kuipers Munneke stiet net ta dat de wittenskippers harren derfoar wei wine en in bytsje skruten skikke se yn: ja, dat wurdt op in stuit in reële opsje. Alteast as we sa trochgeane lykas no, wurdt troch de seal opmurken. Troch foldwaande mitigaasje, it minderesearjen fan de broeikasgasútstjit, binne de slimste gefolgen noch hieltyd foar te kommen.

augustus 29, 2018 22:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.