Wikselpriis foar Wrâldkampioen Frysk Damjen leit klear

augustus 1, 2018 11:48

Sulveren damboerd, wikselpriis by it WK Frysk damjen

It ferhaal fan de wikselpriis Frysk damjen begjint mei de Fryske skilder Lourens Alma Tadema. Hy liet him foar syn wurk ‘Egyptyske Skaakspilers’ ynspirearje troch spylstikken dy’t fûn wiene yn de grêven fan de farao’s en kombinearre dy mei in Frysk damboerd fan 100 fjilden, sa’t er dy koe út syn jongesjierren.

It resultaat wie dat by in soad minsken yn Europa it idee ûntstie dat yn it âlde Egypte al in oerfoarm fan damjen bestie. Dat hie wer it meitsjen fan keunst- en gebrûksfoarwerpen fan gefolgen, lykas salontaffeltsjes mei in blêd as in damboerd en Egyptyske ôfbyldings fan messing.

Ien sa’n seldsum blêd is brûkt troch de Stifting WFD as basis foar de wikselpriis. Juwelier Kramer út Frjentsjer hat it boerd folslein fersulvere mei behâld fan it oarspronklike reliëf. Dat is in ferwizing nei de histoaryske damprizen út de 19e iuw doe’t yn de herbergen spile waard om sulveren leppels, tabaksdoazen en brandewynkommen. Dêrnei is dat sulveren boerd troch PyraSied yn Ljouwert yn in passende en trochsichtige hâlder pleatst. Op dy hâlder sille de nammen fan de wrâldkampioenen Frysk Damjen tenei gravearre wurde.

Dy unike priis bliuwt yn Fryslân en sil nei alle gedachten in eareplak krije by Tresoar, dat foar hiel Nederlân oanwiisd is as kennissintrum op it mêd fan de tinksport. De winner krijt fansels, neist in jildbedrach, in medalje as oantinken en de ivige rom.

augustus 1, 2018 11:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.